Hondet twintig sprekwêden fon et Aasters nei et Frys

Schruauwen trog Dyami Millarson

Ik ha hondet twintig sprekwêden fon et Aasters oerset nei et Frys. Er is ol faker trog mi seid dot et Aasters net pratet worre kon sonder un rykdom oan sprekwêden omdot di sprekwêden de taal so eigen maitsje. Et Aasters azemet folkswysheden.

Ik ha ol un tydsje bi miself tôcht dot ik gin Aasters mear schruwe wol oant ik mear sprekwêden kon in derom is deuze list wol moai om un groon te formjen for et schruwen fon nie artikels yn et Aasters.

Fonself mot ik gewoan troggean mei et schruwen fon et Aasters, et learen fon nie sprekwêden komt wol mei de tiid. Togelyks wit ik dot et ik wer net heendol fonself geet, er mot wol ynset for wêze om di sprekwêden te learen in derom kin ik ik net efteroer sitte gean in fewachtje dot olle kennis mar út ‘e lucht folle komt.

1. De stoefste minsken ha de meeste wil. Brutale minsken hawwe de heale wrâld.

2. Er wônhêberig útsjean. Der min útsjen (sein fan fee).

3. Jim ha et slimmer mei de niten as de luzen. Problemen hawwen mei healwize lju is slimmer as mei wize lju.

4. De smoar yn ha. Lilk wêze.

5. Er wol wêze doere. Net ferlegen wêze.

6. Jo hat streken. Sy is net betrouwber.

7. Hi sil wol opsjean. Hy sil wol ferwûndere wêze.

8. Et sil wêze. It sil barre.

9. De strôn feriket net, mar feroemet wol. It strân wurdt net riker, mar wol rûmmer.

10. Hi hat de hele wrôd op ‘e nek. Hy sjocht de wrâld swier yn; hy is pessimistysk.

11. Do soaëst mi de geest omtjaaie. Do litst my skrikke; do hast my bang makke. 

12. De slag felên ha. Op syn kop hân hawwe.

13. Et gie er Spaans to. It gie der wyld oan ta.

14. Dot is net kouster. Dat is net yn oarder.

15. Gin sitfleis ha. Net lang sitte kinne.

16. Et gie as un straal. Et gie tige goed.

17. Jo hangje oanekonder as klôden. Se binne slim op elkoar steld.

18. Meienkorm opslaan. Meiïnoar omgean.

19. Yn ‘e kniip sitte. Problemen hawwe.

20. Et mot folle schile as de helt schylt. It giet wol goed.

21. Mei de kop tsjin ‘e morre rinne. Wetter nei see drage.

22. Der kryt hi nog de neiklap fon. Dêr krijt er jit de slimme gefolgen fan.

23. De wrôd is roeg, wae him net rêdt is sloeg. De wrâld is net maklik.

24. Sliep is krekt so goed as iten. De wearde fan sliepen en iten is itselde foar de minsk; iderien moat sliepe en ite.

25. Opkomme as un koe et schiten. Unferwachts barre.

26. Wot fondei otsel is, wodt moan swiet iten. Wat no as weardleas sjûn wurdt, wurdt yn ‘e takomst tige wurdearre. (Sa is it krekt mei útstjerrende talen.)

27. Hi hat et der goed stean. Hy hat dêr in goede reputaasje.

28. Hi stekt er niks op. Hy docht der syn foardiel net mei; hy leart neat.

29. Jo hôdt har er goed onder. Sy hâldt har steande; hja is sterk.

30. Ik stea et net. Ik fyn it net betrouwber.

31. Hi hat him er oofbokst. Hy hat syn faam ôfnommen.

32. Et sil sponne. It sil net makkelik wêze.

33. Bi nacht in onti. Altiten.

34. Jo wonnen him wol slite. Hja woeden him wol kwyt.

35. Et is de hele wrôd net. It is net sa slim.

36. Jim sjo ien wol for ‘e kop, mar net yn ‘e krop. Min moat minsken (fan jins omjouwing) net om har uterlik feroardiele.

37. Sonder spil ha je niks. Sûnder hurd te wurkjen krijt men neat. (De Aasters hawwe in echte wurkkultuer.)

38. Et kwead net yn ‘e wrôd bringe. In goed minsk wêze.

39. Op ien oofgean. Op ien bouwje.

40. Er lei gin streike dwes. Alles wie hielendal yn oarder.

41. Hi hat et moai makket. Hy hat goed foar immen soarge.

43. Noade is krek so goed as jaan. Utnoegje is krekt sa goed as jaan. (uitnodigen)

44. Hi hat witwot dien. Hy hat wit-net-hofolle dien.

46. Gin wei so rucht of hi stit wol es. Der is altiten wol eat dat net goed is.

47. Wot de iene broer de oare net jugt/jogt, dot jugt/jogt et strôn. Wat sels famylje jin net jout, dat jout it strân (sein fan strânjutten).

48. Hi krijt de wyn fon foaren. Hy krijt op syn kop.

49. Jo ha folle fon ekorm wei. Hja lykje folle opinoar.

50. Út de wei wêze. Klear wêze mei eat.

51. Hi wit er nen traan fon. Hy wit der neat fan.

52. Yn in út syn werk wêze. Yn- en útskeakelje fan in masjine.

53. Ol sille de schirre kraën et útbringe, útkomme dogt et. Dat makket my neat út.

54. Net nei ien see oan wol. Net direkt bard.

55. Gin wink yn ‘e eagen hôn ha. Net sliept hawwe.

57. De wiiste wei. It bêste om te dwaan.

58. Ho gelokkiger trouwet, ho swidder et felies. Hoe gelokkiger trouwd, hoe swierder it ferlies.

59. Fon wearskònten wanne se er for. De beide famyljes wiene foar it trouwjen.

60. Wis in seker. Absoluut.

61. Er komt gin spaan fon teruchte. Der komt neat fan terjochte.

62. Gin spil mei ha wolle. Gjin last fan hawwe wolle.

63. Net suver goed wêze. Net sûn wêze.

64. Hi hat un stuit hôn. Syn sûnens hat in klap hân.

65. Wi mot opbrekke. Wy moatte fuortgean.

66. Bi de werken wêze. Bijderhand wêze.

67. Fon de dead oof ophelje. Better wurde nei slimme siikte.

68. Et smyt arig wot op. It bringt folle op.

69. De hos mot tegès. De hynders moatte nei de greide (wei?).

70. Dot is un sant. Dat is lekker.

71. De er yn sette. Fluch rinne.

72. Et kon better fon un scheauw as fon un bôn. It is better om wat te krijen fan in ryk lersoan as fan in earm persoan.

73. Et roon speak. Et rûn ferkeard. (spaak lopen?)

74. Hi lêst et sloddigjys. Hy lust it graach.

75. Trog de tiid komme. Jin rêde.

76. Midzjys om 12 oere spoken sjean. Altiten problemen ferwachtsje.

77. For un swatsjean keapje. Goedkeap krije.

78. Stormjoer wêze. Tige djoer wêze.

79. Stappe as un stoaterse. Grutsk rinne.

80. Et is ien toetmem. It is allegear itselde.

81. Jo hippe noch stippe. Hja hawwe tiid foar wat oars.

82. Út de tiid wêze. Dea wêze.

83. Gin strei oan twaën loeke. Net dwaan moatte (sein fan eat dat net goed is).

84. Er net swier oan tille. Der net lilk om wurde.

85. Bi syn stikken wêze. Bewust wêze.

86. Hi taalde er net nei. It die him niks.

87. So ticht op ekonder wêze as hieren op un hoeng. Te ticht op elkoar wêze (sein fan minskendrommen).

88. Hi is net suver. Hy is siik/healwiis.

89. As et koan is yn syn tier, mot et Syntsjan stean yn et ier. Goede koarn moat St. Jan yn it ier stean. (?)

90. Wot soaë dot? Wêr slagget dat op?

92. Et kon er mei trog. It is te akseptearjen.

91. Er net mei teruchte konne. Er net mei oerwei kinne (sein fan gereedskip).

93. Hi hat wot mei for wolkomtuus. Hy hat in kadootsje brocht by syn thúskomst.

94. Demei kon jim te tsjerke in te merke. Dêrmei kist oeral foarendei komme; it is tige praktysk.

95. Tuike spylje. Nei de mûle prate.

96. Et is trogge olles hinne. It is tige ûnaangenaam.

98. Wer bi de wôle opklaauwe. Der wer boppe-op komme.

99. Bi et wôltsje lôns. Foarsichtich, sunich.

100. Hi rakke yn et weake. Hy kaam yn ‘e problemen.

101. De hols is er út. In goed begjin is it heale wurk.

102. Et is goed beslein. It is goed ôfrûn.

103. Noe sil de buter jilde. No komt it der op oan.

104. Et mot mei mi noe nog bêre. Ik belibje it no jit. (?)

104. Dot is de kiksaus. Dêr giet it no om.

105. Ik kon et net begraffelje. Ik haw it tige drok.

106. Gin kaai ha. Gjin kontakt mei oaren hawwe.

107. Hi mot nei gryn om achterdocht. Hy hat him dat te let betocht. (Achterdocht betsjut hjir it te let betinken. It is inselde wurdfoarming as aandacht; ommers, oandacht is it oan eat tinken.)

108. Er gin hôn for yn et wetter stekke. Der neat tsjin dwaan wolle.

109. (Net) doge. (Net) yn oarder wêze.

110. Hi kikt er net fon. Hy praat der net oer.

111. Oer ‘e huus wêze. Op besite wêze (sein fan gasten).

112. Hi hat yn ‘e huus wên. Hy hat foar ‘e earste kear by syn faam thús west.

113. As un abbekaat schruwe. Moai skriuwe.

114. Hi hat niks om honnen. Hy hat neat te dwaan; hy is beskikber.

115. Ik wit et klear. Ik bin der wis fan.

116. De lêste byt de hoeng. De lêste komt der it minste fan ôf; it is net goed om de lêste te wêzen.

117. Op ‘e bek slaan. Mei wurden it swijen oplizze.

118. Gin kamp jaan. Net opjaan.

119. Ik ha un kamp hôn. Ik haw in swiere striid hân.

120. Der is de klink fon ‘e doar. Gean fuort.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s