Skreaun troch Dyami Millarson
Palau/Belau is in Amerikaansk eilân yn ‘e Stille Oseaan. De âldste foarm fan religy dêr is it polyteïsme. It eilânfolk leauwt fanâlds yn ‘e chelid dat Goaden betsjut yn ‘e Palaueeske minderheidstaal. De Goaden binne natuergeasten of natuerkrêften.
Ferskillende doarpen en plakken op Palau hawwe harren eigen Beskermgod. Ik haw it hiele ferskaat oan Doarpsgoaden of doarpsgeasten spitigernôch net efterhelje kinnen, mar it is my wol dúdlik wurden dat elts doarp of gebied syn eigen God hat.
Sa hat it gebied Ngeremlengui (mei omtrint 300 ynwenners) de God Uchererak, dy’t gewoanwei de God fan Ngeremlengui neamd wurdt. Men hat op it eilân Ngibtal de Healgoadin Dirrachedebsungel of Milad, dy’t de Palauezen it ferbouen fan taro bybrocht hie en dêrfoar troch de chelid ryklik beloane waard mei in magyske beam, dy’t net fruchten mar fisken joech.
Uchelianged, dy’t de Skeppergod en Himmelgod is, is de Haadgod fan it heilige doarp Ngeraod dat no net mear bestiet. De ruchel wiene de Healgoaden fan datselde doarp. Der wurdt sein dat de ruchel de minsken útroegje woene en nije seedlikere minsken meitsje woene om’t de minsken fan Ngeraod sa ûnberonge en banneleas wiene.
Fierder binne der ek jit Mengidabrutkoel, de Spinnegod dy’t de Bertegod is, Terriid, de Fûgelgod, en de twa Goaden Obechad en Medechiibelau. Ik gean jit mear ûndersyk dwaan om mear oer ‘e Goaden fan Palau te witten te kommen. Ik bin der wis fan dat ik lang jit net alle Goaden fan Palau ken.
Wat jit ynteressant is om te fertellen is dat de minsken fan Palau fanâlds leauwe dat nei de dea harren sielen nei de súdwestkust fan it eilân Angaur geane om harren te waskjen ear’t se nei it deadenryk geane. Sa hat it eilân Angaur ek jit in heilige funksje.