Schreeuwn troch Dyami Millarson
Werom sil it Eilauners dit jier sò belangryk feur ús wazze? Wy hewwe syn yn twadieuwzend achttjien dat ôle trooi de Frieske talen, dà ‘t wy leerd hewwe om it historys jier fan ‘e kultúerele heufdsted tò fieren, wenich sprakkers hewwe, maar derfan het it Eilauners it lytste oontal sprakkers. As lytste taal fan ‘e trooi lytje talen yn Frieslaun mot it ôle oondacht fan ús kreje dy ‘t fetjinnet. Wy motte dit jier sò fole muchlik kinnis ieuwr ‘e taal fan Lytje Pole fegairje. Der is futgong by.
Wy mot’ ús betinke dat gúene kinnis ieuwr ‘e taal latter licht net mair tò krejen is. Wy meie dat net gebôre liete en ôle kinnis fegairje dy ‘t wy maar fegairje kinne. Eilauners is ús gotste spoedgefal yn Nederlaun. Wy motte de hele ieuwrdracht fan kinnis gau fewezenlikje en derfeur sorgje dat de maiste fan ús belangryke fragen ieuwr it Eilauners beantweurded binne en dat wy yn ‘e tòkomst net mooi dà fragen sitte blieuwe sonder dat der eut nach in beheurlik antwes op komme sil.
It fastlezen fan ‘e Eilauner taal is ús plan feur dit jier en derby wille wy ús aik jochtje op it fastlezen fan minsken har ooine fehalen. Wy fereeuwnderstelle dat der fole end genooch fraach is op Lytje Pole nooi in nee eeuwndersiek om nach ôles fast tò lezen dat nach net fastleid is af nach net gúed genooch fastleid is. Dit eeuwndersiek sil gain ieuwr ôles dat de Eilauners salm nach fastleze wille en oon it nooigeslacht trochjaan wille. Ik hupje salm dat ik in berch opnames metje kin fan ‘e gesprekken dà ‘t ik fúere sil mooi de Eilauners. Gelúdsmateryaal is slim belangryk feur it behaud fan ‘e taal yn ‘e tòkomst. Ne, ik hupje dan aik maar dat wat ik seze wúe yn dit artykel in bytke gúed út ‘e farve komd is.