De grafstien dy ‘t sprakte

Schreeuwn troch Dyami Millarson

Iense, it is net bekind hòlang felind, stúech der in fejetliken man op in auden grafheuvel ticht by it darp.

Dàdestiids begrúef min de daiden yn sokke heuvels en ne liegen ôle feurauders fan dy man der aik.

Hy wie der oon it swalkjen op siek nei wat, maar hy hie al lang fejetten wat it aik al wier wie.

Hy seich de grafstinnen fan minsken fan eerder en hy betocht him dat ginien mair omsyn hie nooi dà stinnen.

Jà wiene ieuwrgreud mooi mos en eeuwr grúen.

Ien, twa, trooi. Hy tôlde de ieuwrgreude stinnen yn syn hole.

Hy bleeuw by de tredde stain en lieg syn jochter haun op dy stien.

Hy feelde yniense in drang yn him opkomme om de stien schien tò metjen en dat dúech er.

Hy wist n’t werom, maar hy fôge it mos fan ‘e grafstien af mooi syn haunen. Daadlik feschien in aud opschrift.

De man weis hiertroch yn beslag nomd. It wiene rúnnen, dat wist hy wal.

Hy kúe it nach lôze om’t hy rúnnen fan syn beite leersd hie.

‘Hier hew ik, Tongersschild, myn jaive seun, Alfakst, dy’t stúern is, mooi ieze bedúelen.’ De man leis deze wezzen hesop.

Dà koom him wat yn ‘t sin en hy sei: ‘Wat meu it wazze súe as ik it ferhaal fan deze heit en seun fetôle kúe!’

Hy faal yniense helendal om want er heersde wis en wrachtich in stim kommende út de stien dy ‘t him antweurde: ‘Waz net aunstich en heer my oon. Ik sil it dy fetôle.’

De man krúpte op syn knivvels tichterby on reis gúed tò heren.

De stim fefolge: ‘Ne, dò húefste gin ooine fetôlsels tò metjen. It ferhaal sil dy fetôlde wezze as eupenbaring en dò satte it neut fejette.’

De stim begoon tò sjongen yn stafriim:

Ús heit rúep my, eeuwnheld fan ‘t darp,

om fan d’ auden baas, ôles tò heren

wat yn omlezende darpen, ferlôsd wie;

In gotten oorlach hè de Geuden ynlieuwd!

Freeuwjúed trele, targe troch aunst;

jà wúeden it net, maar de wet wie it,

dat monnich man most de oorlach yn

Sò gebôrsde it, de basten gingen fut.

Maar in lytjen man mooi lytj oonsjain

Dat wie ik dà en dat wúe ‘k net wazze.

Sòdwaande ging ik mooi it darp út

En bewiisde dat mooi wille ik held bin

Feur Darps- en Deigeuden!

Nach ieuwren fetôlde him de stien mair en de man fetôlde it latter troch oon syn wiif en ben en de minsken yn ‘t darp.

Niks fan wat de grafstien him seid het, het er eut fejetten. Fejetlik wied er net mair.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s