Skreaun troch Dyami Millarson
Nea meitsje ik graach gebrûk fan learboeken, om’t wat hja my oanbiede net is wêr’t ik nei op syk bin. Gewoan in lêsboek yn ‘e taal dy’t ik leare wol haw ik mear oan, en fansels slaan ik net in wurdboek of spraakleer ôf wannear’t dat der is. Myn rie oan elkenien dy’t frjemde talen leare wol: Wit wat jo wolle en rjochtsje jo op itjinge dat fan belang is om de taal te sprekken. Dêrmei bedoel ik dat jo gewoan de wurden, útdrukkingen en gramnatikaregels leare moate dy’t jo tinke noadich te hawwen. Dêrom docht it der net ta wat oaren oanbiede, mar it docht der ta wat jo witte wolle om josels fersteanber te meitsjen. Ik lear frjemde talen gewoan mei de kennis dy’t ik haw fan wat men noadich hat om him fersteanber te meitsjen, en ik rjochtsje my foaral op wat iksels yn in taal sizze wol. Myn doel is dúdlik en dêrom kin ik mysels hielendal tawije oan sa fluch as de wjerljocht eltse taal eigen te meitsjen.