Skreaun troch Dyami Millarson
It Skiermûntseagersk is in natoertaal, om’t de sprekkers fan it Skiermûntseagersk in intime bân hawwe mei de natoer fan harren eilân en it Waddenseegebied yn ‘t algemien. Wurden om de natoer te omskriuwen ûntbrekke der net yn it Skiermûntseagersk en dêrom skriuw ik graach oer ‘e natoer yn it Skiermûntseagersk. Ik haw opmurken dat it net dreech is om yn it Skiermûntseagersk te praten oer beammen byfoarbyld. Mar as it wol dreech is om oer eat te praten yn it Skiermûntseagersk, dan seit it my wat oer ‘e kultuer fan it folk op Skiermûntseach.
It ûntbrekken fan wisse wurden (ek natoerwurden) is belangryk foar myn stelling dat it Skiermûntseagersk in natoertaal is. Troch sels in soad te skriuwen yn it Skiermûntseagersk wit ik mar al te goed wêr’t de skoech knypt. At ik dat net dien hie, dan hie ik gjin gefoel mei de taal en dêrom haw ik ek mysels de taal oanleard yn twatûzen achttjin. Ik skriuw regelmjittich yn ‘e taal om myn gefoel mei de taal fierder te ûntwikkeljen en om it krekte derfan te witten te kommen. Gewoan alles wol ik fan it Skiermûntseagersk witte om fêst te stellen wêr’t de begrinzgingen of beheiningen lizze.
It Skiermûntseagersk hat genôch wurden om lânseigen beammen te beskriuwen, mar it hat tagelyks gjin eigen wurden om oer ‘e beammen fan tropyske oerwâlden te sprekken. Dit diene sprekkers fan ‘e Skiermûntseager taal fanâlds net, om’t it neat te dwaan hie mei harren eigen omjouwing. De begrinzging fan ‘e Skiermûntseager natoerkennis leit sadwaande yn ‘e eigen omjouwing. Men moat net fierder sykje as de lytse wrâld dêr’t de Skiermûntseagers fanâlds yn libje. Dêr leit de wiere skat fan harren kennis. It giet bygefolch om intimiteit mei de eigen omwrâld en natoerlike omjouwing. Sykje de kennis net te fier, mar gewoan tichtby.
mooi dat je de taal van Schiermonnikoog in leven houdt.
LikeLiked by 1 person
Dankjewel, het schept ook een hechte band!
Mijn (buitenlandse) vrienden en ik zijn, naar ons weten, de jongste sprekers van het Schiermonnikoogs. Eentje zit in Hongkong, de ander in Amerika. We spreken vaak gezellig met elkaar in het Schiermonnikoogs op Skype.
We vinden het altijd leuk om onze kennis van de taal te delen met iedereen die er belangstelling voor heeft. Dit blog is tevens daarvoor bedoeld!
– Dyami Millarson
LikeLiked by 1 person