De wraak fan ‘e wet oer it brekken fan in ferbyntenis

Skreaun troch Dyami Millarson

In wetlik grûnbegjinsel is dat men in fergoeding jaan moat foar ‘e skea dy’t er in oar oandien hat. Natoerlik moat der noch wol bewiis fûn wurde dat immen echt in oar skea oanbracht hat en wa’t it dien hat. Wy kinne it foarneamde grûnbegjinsel sels beskôgje as wraak op ‘e dieder. It is te begripen dat minsken foldwaning wolle wannear’t se skea litten hawwe. It soe ommers net earlik wêze at de dieder gjin kompensaansje jaan soe foar ‘e skea en it slachtoffer dermei sitten bliuwe soe.

At fêststeld wurde kin wa’t de skea oan it slachtoffer oanbrocht hat, kin oergien wurde op it oansprekken fan ‘e ferantwurdlikens fan ‘e dieder neffens it boargerlik rjocht. It is de wetlike ferplichting fan ‘e dieder om it slachtoffer te fergoedzjen. Dit is skuld. It fêststellen fan ferantwurdlikens feroaret de ferhâlding tusken dieder en slachtoffer yn in relaasje tusken skuldner en skuldeasker.

Wannear’t it slachtoffer op syn rjocht stiet om fergoedze te wurden, moat der foldien wurde oan ‘e fergoedingsplicht. It slachtoffer moat dan wol sels opkomme foar syn rjochten wat syn rjochterlike relaasje mei de dieder, dy’t tsjin it slachtoffer in ûnrjochtmjittige die plege hat, oanbelanget. Elkenien draagt syn eigen skea. At immen syn eigen earm belutst, dan is ersels ferantwurdlik foar dy belutsing. Mar docht in oar dat by him, dan is de oar ferantwurdlik foar dy belutsing.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s