Skreaun troch Dyami Millarson
Grammatika is kultuer. Dat is it antwurd op ‘e ivich weromkommende fraach oft grammatika der wol ta docht. Men kin fine dat kultuer der net ta docht, mar kultuer is itjinge dat minsken in doel jout yn harren libben. Sûnder kultuer hat it libben gjin kleur. Der is dan allinne mar tsjusterens. Kultuer is goed foar ‘e geastlike tastân fan ‘e minsk. De sûnens fan ‘e minsk giet dertroch foarút. Koartom, kultuer is goed foar ús en wy kinne einliks net sûnder kultuer. Dêrom is it wol sa nuver om grammatika te beskôgjen as ûnderdiel fan it kultureel erfskip. Dit is alteast wier foar ús Yndogermaanske kultuer.
Taal is in drager fan kultuer, en yn ‘e kontekst fan ‘e Yndogermaanske talen, is taal dêrom ek in drager fan grammatika. Mei de hiele Fryske taalfamylje is grammatika ûnskiedber ferbûn. Yn 2018 haw ik trije talen leard, en ik koe wol by mysels tinke: Wêrom docht it der einliks ta dat ik de grammatika en wurdskat fan dy talen lear? Om’t it oare kulturen binne. Men heart der net by at men de grammatika net goed behearsket. Grammatika is in gefoel wylst it heart by de identiteit fan ‘e minsken. Ien dy’t him net hâldt oan ‘e grammatikale regels dy’t jilde ûnder ‘e sprekkers fan in taal wurdt net as fol oansjoen, om’t er gjin acht jout oan it taalgefoel dat de sprekkers by harren “memmetaal” fiele.
Graach foegje wy ús by de sprekkers fan eltse taal dy’t wy leare, en wy witte dat it tige op priis steld wurdt (yn eltse Yndogermaanske kultuer) at wy de grammatika goed behearskje. Wy wurde dan sjoen as ien fan ‘e lokale kultuer. Foar ús is it learen fan in taal in grut sukses as we sjoen wurde as ien fan ‘e lokale befolking. Dat kin allinne mar as wy ús hielendal talizze op ‘e struktuer fan ‘e taal, en dêrmei meitsje wy ús de kultuer eigen. De grutte útdaging is om erkend te wurden. Grammatika bestudearjen is yn ús eagen in foarm fan respekt foar ‘e lokale kultuer, en de minsken heare it echt wol wannear’t men de grammatika behearske, oft se no grammatika op skoalle leard hawwe of net!