Schreeuwn troch Dyami Millarson
Júed fan Lytje Pole binne freeuwnlik en betreeuwber.
Tjinswezzich binne der eigentlik gin heel minne minsken mair op it Eilaun.
Dat het net altyd sò wein.
Heel, heel lang felind wiene der twa seurten minsken op Lytje Pole. De iene seurt wie gúed en opjocht, de eeuwre wie min en eeuwneerlik.
Ieuwr dat twadde seurt wil ik ne mair fetôle, want dà binne hast helendal fedweeun.
Dà júed wiene echt heel min. Jà heeuwden har wes neut. Der koom gin gúed fan.
Jà plegen eedsbreuk, ieuwrspil en meurd.
De dúnatters seigen dit ôlegerre, jà steeuwden op en fetôlden it troch oon de aude Geuden fan Lytje Pole.
De dúnatters wúeden ôle minsken fan Lytje Pole daid metje en de netieuwr wier súvver metje fan al dat eeuwnheil.
De aude Geuden wiene wys en seigen wal dat net ôle minsken sò min wiene.
Derom beslúeten jà om al dat minne folk nooi in straun tò stjúeren dat jà Nauwstraun naimden.
Ien fan de Geuden, Fesitte by nôme, sei: “Elkenien dà kwaid yn ‘t sin haun het wylt er nach leve mot nooi syn deud nooi Nauwstraun tò gain. Elkenien kreet in eerliken kauns yn syn livven om gúede dingen tò dwaan, maar elk dy ‘t dit net docht sil nooi Nauwstraun tò motte.”
Sò gebôrsde it.
Nauwstraun wie sòdwaande in straun allene maar feur min folk en der livve in fergiftigen werm dy ‘t de sielen fan minne minsken opfriet.
Dy draak hiette Nydheeuw.
Feur de minste minsken wie der aik nach Wandhús der ‘t it fol siet mooi lytje fergiftige wermen dà ‘t al it minne folk martele mooi gif en eeuwig tò kydeljen yn har airen.
Op ‘t lange lest wisten ôle minsken op Lytje Pole dat jà gúed wazze mosten om net troch de werm Nydheeuw opfrette tò wezzen en derom weizen ôle minsken dà ‘t aist nach kwaid yn har hets hiene aik wier gúed.
Dà ‘t de laste kwaide siel opfretten wie, kroke de draak. Dernooi hewwe der neut mair min folk op Lytje Pole wein.
Maar as it jokket yn dyn air, tink maar sò, it jokjen yn de airen is in wieromtinken oon it eeuwige jokjen dat tò wachtjen stie feur minne minsken dà ‘t fekeersde seden hewwe, har net haude oon har wes en ôlerlei kwaid op ieze úthelje wille.