Schreeuwn troch Dyami Millarson
By auder wezzen tinke júed faak oon kwalen en eeuwre eeuwngemakken. Aud wazzen is neffens in berch minsken helendal gelyk oon siik wazzen en dat is aik werom tò sjain yn ‘e taal, omdat aud faak itsalde betjot as siik, byfeurbeeld min sei ‘ik wes al aud’ af ‘ik bin al aud’ wanneer min ieuwr siikte kleie wil.
Hòwal jà net helendal eeuwngelyk hewwe en auderdom wisse eeuwngemakken mooibringt, wil ik der yn dit stik net by stilstain, want eeuwren hewwe dat al genooch bejiete. Ik ferlangje om iense jep tò ieuwrtinken wat it feurdeel is fan it auder wazzen en wezzen.
Ik hew opmarkt dat ik mooi de tiid feursichtiger weizen bin. Troch erfaring hew ik minder behúefte om eeuwnneudig my tò waigjen oon ôlerlei gefaren. Ik trochsjai dingen batter en wet wat de muchlike útwerkingen binne fan wisse daden dà ‘t op ‘t aiste gesicht in heger dúel hewwe maar tach net sò útwerkje as eurspronklik bedúeld wie.
Oofwachtjend bin ik mair weizen troch de tiid. As jongere freeuwnen my friegje om in fingerfluggen oplossing feur in wis probleem, dan fetôl ik har eerlik, dat it batter is om maar rastich oon tò dwaan en tò wachtjen tatdat in oplossing him oontjene. De tiid jeeuwt ried.
Ik mark dat jongere minsken eeuwngeduldich binne, maar ik wet út erfaring dat wy langer livje dan fandei en dat wy der meurn aik nach wal binne. Haastige spoed is zelden goed, sò sei min yn it Hollauns. Maar min sei aik dat min it iizder smeie mot wanneer it jit is. Min mot syn kauns pakke op it krekte eugenblik, maar derfeur mot min wal geduld hewwe. Rastich oofwachtje tat it krekte momint him oontjene is festaunich.