Skreaun troch Dyami Millarson
Alle gefoelens dy’t wy yn ús hert fiele binne ynderlike enerzjy. Us minsklik lichem sit bygefolch fol mei enerzjy. Wy kinne dêr goede en minne dingen mei ferrjochtsje. It leit hielendal oan ússels. As wy it wolle, kinne wy de krêft yn ússels fine om grutte dingen te dwaan foar it minskdom. Mei ús ynderlike krêft binne wy yn ‘e mooglikheid om it libbensgenot fan oaren en dêrmei ek dat fan ússels te ferromjen.
Woldiedichheid ûntstiet út ‘e smjucht op noflikens. Wannear’t wy ús ynsette foar noflikens, dan kinne wy it libben fan minsken better meitsje. Tegearre kinne wy dan de fruchten fan ús woldiedichheid plokke. De foarútgong fan ‘e maatskippij kin berikt wurde mei lytse en grutte dieden. Dêrom wolle wy besykje de lytse Fryske talen foar ‘e ûndergong te behâlden.
Wy begripe dat sprekkers fan lytse bedrige talen grutte smjucht op noflikens hawwe. Hja driigje harren foarâlderlike kultuer en wrâldbyld te ferliezen mei de taal. Dat giet ús oan it hert en dêrom kinne wy minsken, dy’t lytse talen sprekke, net lofts lizze litte. Graach jouwe wy harren in helpende hân om harren ear en rom yn stân to hâlden. Wy sjogge it belang hjirfan foar ‘e maatskippij. Wy as minsken ferlieze in grut part fan ús minsklikens at wy net jouwe om de bedriige talen en kultueren om ús hinne.