Wúr binne dieken fòòr en wúr kómme ze fandinne?

Skriiₐnd tróch Dyami Millarson

Hè-j’m al de raare húúwels óm Hielepen henne siiₐnd? Dòt binne dieken en nó tèènje jin óm wetter buuten tó hââlden, mar froeger lòòi dòt heelendal óóₐs.

Òch, èₐder wééₐd ‘t libben nâât só maklik ien Hielepen, ómdòt ‘r jitte Rúúzen tiₐcht bie Hielepen wennen.

Dèè kòòm faik ‘n Gòd mei ‘n móóker ien Hielepen, en de Hielper liiₐd weeren mei de tiid tiege betrouwd mei him wòdden. Sien nemme wééₐ Toer. Hie daade alle Rúúzen roendom Hielepen mei sien móóker.

Òp ‘n dei wééₐ ‘t fòòₐjieₐsféést ien Hielepen. De Hieleper liiₐd wééₐden ien jerre dracht en jèè baaden Toer oeₑn óm mei tó ieten.

‘t Hieleper ieten en drienken wééₐ ‘n graaₑt nócht fòòr Toer en deróm seet ‘r de heele dei bie de Hielepes en saing, doense en súúpele mei de Hielepes mei.

Mòòns wééₐ Toer al wúr fút, mar de Hielepes hewwe jitte lang oer him neipraate, ómdòt jèè ‘t só woenderlik faanden dòt de Gòd, die ‘t al eeuwen lang fòòr alle Hielper liiₐd òp Rúúzen jeit, tó Hielepen wééₐ.

Fóròl dòt ‘r goo Hielepes sprekke koo wééₐ bie de Hieleper liiₐd goo fónd, en ek jitte dòt ‘r seid het dòt ‘t Hielepes neffens him en de óóre Góóden gin toengfal mar ‘n spraik ies, wééₐ bie de Hielepes ien ‘e smaik fónd.

Dit wééₐ ‘n graaₑten tókenning fan eere die nâât fejetten wòdde mòòcht, só faanden de Hielper liiₐd, en deróm sizze de Hielepes soent die tiid dòt ze jer eene spraik sprekke.

Ómdòt Toer só goo Hielepes lééₐd hee, wééₐ ‘t alle Hieleper liiₐd duudlik wòdden, dòt jerre spraik fòòr óóren swiir ies óm tó leeren en festaaₑn. Só wââd Toer de Beskermgod fan ‘e Hielper spraik.

Azzer mei Rúúzen oeₑn ‘t striiden wééₐ, den toere en wéélèèₐchte ‘t. Alle géésten weeren bang fòòr Toer. Deróm hewwe ze Hielepen ien frééde lòt.

Twielst de niedige Toer buuten alle Rúúzen daade, kòòsten de fòòrèₐldes feilig ien Hielepen jerre bòn graaₑt brienge en jerre spraik fan fééₐr òp sóón en fan mem òp dòchter tróchjòòn.

As de Rúúzen daa delfaalen, den feróóren jèè ien húúwels en só oentstoogen ien Hielepen de èₐste dieken, jin ‘t ien die tiid jitte as moeren tèènen, óm Wetterrúúzen mei jerre graaₑte stòrmen en gòlwen tjiₐn tó hââlden.

Nó binne de Rúúzen hest uutstóónd en deróm binne ‘r gin oerstróómingen meer ien Hielepen. Toer wòd nó ek nâât faik meer ien Hielepen siiₐnd. Sódwaaₑnde binne de Hielepes hest fejetten dòt ze ‘n spraik sprekke en gin toengfal en dòt de dieken fan Hielpen jitte uut ‘e Rúúzentiid stamme.

As jim òòit ‘n graaₑten kèèₐdel mei ‘n móóker sèèn, frigje jim him den óm jim tó fetòllen oer alle Rúúzen jin ‘t hie tiₐcht bie Hielepen fesloogen het en hó ‘t Hielepen oeₑn sien dieken kómd ies.

2 comments

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s