Skreaun troch Ken Ho
It is algemien bekind dat it lêzen taalkennis fergrutje kin. Mar de fraach is hoe’t wy in boek lêze kinne as wy de wurden net kenne. It liket soms wol dat wy yn in catch-22 situwaasje telâne kommen binne, nammentlik dat wy ús wurdskat fergrutje wolle troch in boek te lêzen, dat eilaas hast ûnlêsbar is omdat der te folle drege wurde yn steane.
Soks ha ik deistich mei te dwaan. De lêste twa besiten nei Fryslân ha ik in berch boeken werombrocht. Oant no ta ha ik mar it boek Elske din datter útlêzen, in lyts boek dat de syktoch fan in frou nei har ferline fertelt. It wie al in of twa jier lyn en werinnering hoe’t it ferhaal krekt yn mekoar sit, is my no bêst dizenich. Doe wie ik ek drok dwaande mei it learen fan oare Fryske talen. Dêrom wie it my folslein ûnmooglik om safolle dingen tagelik te dwaan.
Mar dizze dagen ha ik in pauze nommen fan myn oare plichten. Ik wol my hielendal stoarte op dy boeken dy’t ik brocht ha fan Fryslân. Mei folle konsintraasje gean ik de útdaging oan en nei in pear wiken is it my al dúdlik, dat de strekking fan it ferhaal de wurden al op in wize ferklearet. Wichtigernoch is dat wy al de wurden net hielendal te kennen hoege. Wy sille der stadichoan mei thús reitsje as wy se mar faker tsjinkomme. It is deste wierder mei romanen, dy’t wiidweidige romte jouwe om minsklike hannelingen te skilderjen. Troch ús oan ús deistige omgang mei oaren te werinneren, is it net dreech om nei in hoartsje thús te reitsjen fan de faakfoarkommende wurden, dy’t ús dêrnei nei oare minder bekende wurden liede.
Dêrom is it wichtich dat wy ús foar it earste besykje yn it ferhaal yn te libjen. Dêrnei komt alles fansels teplak.