Skreaun troch Dyami Millarson
Fanâlds sprekt men yn Keulen it Keulsk. Dit is in Ripuaryske taal. Ripuarysk komt fan it Latynske wurd ripa dat ouwer betsjut yn it Frysk. De Ripuaryske talen binne Frankysk lykas it Hollânsk. (In feit: Frankryk is nei de Franken ferneamd. Likernôch soe Frankryk as namme tapasliker wêze foar it Keninkryk der Nederlannen en soe it lân dat no bekind stiet as Frankryk better Galje of Keltenryk hjitte kinne.) Wy soene it Keulsk as Ripuarysk-Frankyske taal ek wol in Ouwerfrankyske taal neame kinne yn suver Frysk, om’t ripa gewoan ouwer betsjut.
It Ouwerfrankysk (Ripuarysk) beheart wer ta it Middelfrankysk, wylst it Hollânsk ta it Nederfrankysk beheart. Keulen en Aken wurde yn ien asem neamd yn it âlde sprekwurd: Keulen en Aken binne net yn ien dei boud. Dit komt troch taalkundich-kultureel sibskip tusken dizze twa stêden. Yn Aken sprekt men ek Ripuarysk. Karel de Grutte is yn Aken ferstoarn yn 814 en thús spriek er likernôch gjin Nederfrankysk (dat Hollânsk wurde soe) mar Middelfrankysk.
Dêrom kinne it Keulsk en Aaksk in bytsje as de talen fan Karel de Grutte beskôge wurde. Yn elts gefal binne it talen dy’t ôfstamme fan ‘e Frankyske tongfal dêr’t Karel de Grutte goed mei bekind west hawwe moat en likernôch sels ek as memmetaal spriek. Dêrnjonken wurdt dit soart Frankysk, dat as it Frankysk fan Karel de Grutte beskôge wurde kinne soe, ek yn it Keninkryk fan ‘e Nederlannen sprutsen. Nammentlik is it Tsjerskriedersk (Kerkraads) in Ouwerfrankyske taal dy’t sprutsen wurdt yn it uterste suden fan Nederlânsk Limburch. Dizze taal is fansels besibbe mei it Keulsk, dat de Ouwerfrankyske taal is mei it grutste oantal sprekkers. Fierder wurdt der ek jit it Platdytsk sprutsen yn Súd-Limburch, dat mei it Tsjerkriedersk besibbe is.