Resinsje: Marije: Oarloch en leafde yn ‘e Spaanske tiid

Skreaun troch Ken Ho

It boek Marije Oarloch en leafde yn ‘e Spaanske tiid troch Henk de Haan fertelt in ferhaal dat him tsjin de ein fan sechtjinde iuw yn de dûbelparochy Jobbegea – Skuregea yn Fryslân ôfspilet. De boektitel hat de trije reade triedden fan it ferhaal goed gearbrocht, te witten (i) It Marijebyld en it sulverguod en de speurtocht dêrnei, (ii) Oarloch tsjin de Spanjoalen en (iii) leafde tusken de haadpersoan Koene Franken mei it famke Maaike. Koene socht nei it stellen guod dat by de tsjerke Jobbegea – Skuregea hearde, focht tsjin de Spanjoalen as in aventuerlike beropssoldaat en in spion en oertsjûge Maaike om syn frou te wurden. Troch Koene te folgjen, sjogge wy hoe’t it ferhaal him ûntjout.

It Marijebyld en it sulverguod

De speurtocht nei it Marijebyld en it sulverguod foarmet it grutste diel fan it ferhaal. De auteur hat de frijheid nommen om ien fan dy ferdwûn “imagines” (Bylden yn it Latyn) sa te neamen. De namme it Marijebyld is gjin histoarisk term en it is in kar fan de auteur. Yn de neiskrift fan it boek seit er dat der yn in hânskrift fan de neamde tsjerke sprake fan is dat bylden “synen deponiert”. Foar him betsjut dat bylden stellen waarden en it is de opset fan it ferhaal.

Meardere persoanen binne by de speurtocht nei it stellen Marijebyld en it sulverguod belutsen. Foar it earst giet it om it trijetal dat se goed yn in heaherberch opburgen hie. Dat diene se om de doedestiidse byldestoarm te mijen dy’t fersoarsake waard troch de oergong fan it Roomske leauwe nei de Herfoarming. It trijetal wie de âldpastoar Klaas Leffert en de buorren Evert Folkes en Geale Boeles. Alle persoanen yn it ferhaal binne fiktyf, behalve Klaas Leffert dy’t histoarysk ea bestien hat. Mar syn hâlden en dragen hat de auteurs sels úttocht. Nei de auteur ha de trijeën yn Novimber 1570 trije bylden en ien sulverguod yn in lûk mei hea dêrboppe ûnderbrocht. Se praatten mei-inoar ôf om gjinien derfan te fertellen.

Spitigernôch wie Geale Boeles al út tiid kommen doe’t it ferhaal yn it jier 1582 úteinsette. Yn de tolve jierren wie in soad bard dat allinnich troch Koene syn speurtocht achterôf nei boppe kaam. Murk Jelles, in oare boer, waard noege om it plak fan Geale Boeles op te fangen en it Marijebyld en it sulverguod waard ûnderwilens stellen. Sa’t it tsjin it ein fan it ferhaal bliken docht, waarden se troch de nije dûmny Hammanus Schlichte yn de parochy stellen dy’t troch in boer fan har berchplak ynformearre wie. Yn it boek is it net eksplisyt sein wêrom’t de boer sa hannele hie. Lykwols it is wol sein dat de boer tocht dat it boel om dieven guod gie en dat hy nei Geale Boeles gie foar útlis. It tink dat de boer benauwd wie dat de nije dûmny ek tinke soe dat it om dieven guod gie, wylst it yn wurklikheid tsjerklik guod wie. Mar it ûntgiet my noch hieltiden wêrom’t Geale Boeles de boer net warskôge hie om it feit oan gjinien te fertellen, ek net oan ‘e dûmny. It waard ommers ôfpraat ûnder de trije manlju dat gjinien it witte mocht. De reden dy’t yn it boek jûn is dat “de arbeider (de boer) hearde dat dûmny ek yn Skuregea preke, fertelde er him it ferhaal (P. 177)” liket my ûnfoldwaande ta. Boppedat komt my tige nuver foar dat de boer fertrouwen yn de nije dûmny ha soe, dy’t foar de Herfoarming stie. Geale Boeles wie in freon fan de âld-pastoar Klaas Leffert, dy’t alhoewol neat tsjin it nije leauwe hie, noch hieltiden oan it Roomske leauwe fêsthold. Op p.17 wurdt sein dat de âld-pastoar him ûnder it ferbod fan it Roomske leauwe deljoech, mar hy woe ek gjin lidmaat fan de Herfoarme tsjerke. Hy woe allinnich in boer yn syn “boerekile” (P.18) fan syn hierpleats wêze en woe gjin prysterklean oan ha. Fierder kinne wy ta opstelling fan Geale Boeles tsjinoer de Herfoarme tsjerke komme oan de hân fan syn wurden op P.8. Hy sei, “Ik haw wat dat oangiet (it hawwen fan tsjerke) net folle fidúsje yn al dy nijljochters”. Yn it koart, fertroude Geale Boeles de dûmnys fan de Herfoarme tsjerken net sa folle. Mar oan de oare kant kin it ek sa wêze dat hy der de kâns ynseach dat de opburgen bylden op ‘e nij brûkt wurde koene yn de Herfoarme tsjerke. Mei al it jild dat komme soe troch it ferkeapjen, koene de trije manlju der wat fan ha. Mar ik moat my harsenskrabje om te tinken wêrom’t de boer it oan de dûmny trochjûn hie, immen dy’t Geale Boeles gjin warm hert tadroech. Miskien is de boer oprjocht dûm. Him sa te oardieljen kin in bytsje te swier wêze , mar sûnder fierder útlis te krijen yn it boek oer syn persoanlikheid en sa, fyn ik syn hanneling ûnferstândich of my gewoanwei net foar te stellen.

Eins foel it my ôf hoe’t de speurtocht nei it Marijebyld en it sulverguod ôfrûn. Boppedat  wiene ek oare persoanen dy’t derby belutsen wiene, mar se tsjinnen earder as ôfliedingen, tinkt my. Tamme fan Geale en Afke wie ien derfan. Hy wie by de speurtocht belutsen om’t hy in ferkearing mei Lys hân hie en sels mei har frijd hie. De redenaasje hat it boek net oanhelle, mar sa fielt it wol oan. It ferhaal hat it deroer dat Lys en Tamme doe’t sy oan it frijen wiene, tafallich de lûk fûnen. Mar it ûnderfreegjen die bliken dat Tamme it byld net stellen hie en ek net oan syn omke jûn hie dy’t nei súden saken die. It ferhaal mei Tamme tsjinnet earder om de seksuele frijmoedigens fan Lys (in famke fan de húshâlding fan Murk Jelles en Grelda) nei foaren te bringen. En it ferhaal fan Lys makket om bar diel fan it ferhaal oer de leafde mei Maaike. Hjir sille wy letter op yngean.

De oare personanen dy’t man yn de speurtocht tsjinkomt, binne De pastoar Antonius fan Stienwyk, de keapman út de Krûmestege en Roel Halbes op ‘e Haule. Dizze trije persoanen liede úteinlik ta de dûmny Harmmanus Schlichte. It getal trije is krekt goed foar it ûnthâld en ik tink dat it past by it ferhaal. It is net te lang en ek net te koart. De pastoar Antonius liet sjen dat it Marijebyld yndie yn syn tsjerke telâne kommen wie. Yn de achterkant fan it Marijebyld waard de namme fan de makker útsnied A.J. en dit kaam oerien mei hoe’t it opburgen Marijebyld derút seach. De keapman dy’t it byld oan de pastoar ferkocht hie, hie it út meilydsumens fan Roel Halbes kocht. De lêstneamde wie doe de rommel fan syn pleats oan it oprûmjen nei’t syn pleats troch de spanjoalen yn brân stutsen wie. Roel Halbes ferkocht it byld op in lege priis. Om bar krige hy it byld fan Harmannus Schilichte, dy’t op in kâlde dei yn jannewaris by him kaam. It sniede hurd en Harmannus syn bien wie brutsen en koe net fierder. Roel Halbes brocht him yn ‘e hûs en fersoarge him fjouwer dagen neist de hurd. Nei’t Harmannus better wurden wie, joech hy it byld oan Roel as in teken fan tankberens. Hy tocht dat  Roel der faaks in pear sinten mei fertsjinje koe.

It lêste smiet ek problemen op. Op P. 147 seit it, “(…) de man (Harmannus Schlichte) hâlde oan en tocht dat Roel der miskien noch wol in pear sinten foar barre koe.” Ik begryp dat Roel Harmannus syn libben rêden hie en dêrom woe Harmannus him betankje mei it byld dat hy sa folle dien hie om te stellen, wat syn karriêre yn gefaar bringe koe. Mar ik kin my net foarstelle wêrom’t hy it byld oan Roel jûn hie, as hy it al wist dat Roel allinnich in pear sinten foar it byld krije koe. Roel hie ek wol sein dat hy it byld net ha woe. Hy hie Harmannnus Schlichte allinnich holpen út gastfrijheid. Er woe net tasjen dat in meiminsk yn it kâlde waar lijde. Faaks koe Harmannus syn gasthear letter mei jild betankje nei’t hy syn byld ferkocht hie/. Wêrom’t hy it oars die, wit ik net. Faaks hiene de fjouwer dagen doe’t hy ferwûnd neist it fjoer siet him ynspirearre dat it jild net sa wichtich wie as it libben. Dêrom joech hy it byld fuort en woe der gjin jild mei fertsjinje. Faaks hie er berou mar hjir waard neat fan ferteld. Soe it it ferhaal te ynwikkeld makke ha? Dat wit ik net.

Oarloch tsjin de Spanjoalen

De oarloach fan it Fryske Steatske leger tsjin de Spanjoalen foarmet de achtergrûn fan it ferhaal. Út en troch wie de speurtocht nei it stellen guod ynwikkeld mei spioaazjewurk dat die waard foar it leger. Koene Franken wie de útfierder fan de speurtocht, mar tagelyk wie hy ek in beropsoldaat dy’t it Fryske leger tsjinne. Syn ferbliuw yn Jobbegea – Skuregea wie in tafal, doe’t hy ferwûnd troch syn kammeraad Wytze Jolles dêrneita brocht waard. Dat hie Koene sels úttocht, om’t hy de omkesizze de âld-pastoar Klaas Leffert wie. Mar ûnderweis koe hy de reis net mear oan en moast sa hurd mooglik yn in flakby lizzende pleats brocht wurde. Hy wie yn in útfal swier ferwûnd. De famylje fan Evert Folkes wenne yn de Fjidkampen en naam him op en dêr learde hy de dochters Maaike en Yfke, de soan Pier en harren mem Beits kenne. Sels de buorlju Murk Jelles en syn wiif Grelda kamen om him te helpen. As in teken fan tankbarens woe Koene it doarp helpe om it stellen tsjerklike guod te finen en hy tsjinne tagelyks ek noch it leger dêr’t hy by hearde. Hy moete de hopman regelmjittich om it nijs út it doarp dêr’t hy fersoarge waard te bringen en wie dus de middelpersoan foar it leger en it doarp.

It soldatelibben fan Koene heart by de foarskiedenis fan it boek. Troch it hiele boek hinne tsjinne hy as in middelpersoan en ek in spion foar it leger. De hopman liet Koene yn it doarp bliuwen en him in hynder jaan foar syn speurtocht nei it stellen tsjerklike guod allinnich as hy wat weromdie foar it leger. Yn alle gesprekken dy’t Koene hie mei persoanen op syn speurtocht frege hy as it harren wat opfoel mei de spaanske soldaten yn de omkriten. Meastal kaam der neat út.

Foar it leger hat Koene trije kear aktyf spinoearre. Ûnder de reis fan Skuregea nei Stienwyk om pastoar Antonius te moetjen, bleau hy in nacht yn in herberch “De Swaen” yn it doarp Berkeap. Hy útfanhûze op de souder en doe’t der jûns in man of fiif soldaten yn de herberch kamen, frege hy nei harren. De oare kear wie doe’t hy him as in reizger foarstelde oan de Spaanske soldaten yn it stins “Friesburg” om te sjen hoe’t alles yn de kamp derút seach. It hie him hast it libben kost, om’t de Hollânsktalige oanfierder tocht dat Koene in soldaat wie. Mar mei de brief fan de âld-pastoar liet Koene de Spaanske soldaten sjen dat hy as in reizger yndie op syk wie nei Stienwyk en gjin oar motyf hie. Hy wie frijlitten. De tredde kear wie doe’t hy fan Stienwyk wei werom nei Skuregea gie. Hy woe net nochris yn in herberch útfanhûze om woe in furde fine om binnen in dei nei hûs ta te kinnen. Ûnderweis foelen him in binde Spaanske ferkenners op. Se wiene ek op syk nei de furde om it gebied fluch feroverjen te kinnen. Koene waard ûntdutsen doe’t hy harren efteroan folge. Mar hy die sabeare as hy oan it pisjen wie en hy wie frijlitten.

De leafde mei Maaike

Maaike wie in boerefamke en har heit wie Evert Folkes. Se hie Koene al leaf doe’t hy ferwûnd op ‘e telle brocht waard yn it hûs. Mar se gie har gefoelens hiel foarsichtich oan en woe der neat fan witte litte om’t se benaud wie dat it har bleatlizze en sear dwaan soe. Se hold fan Koene en wist net as se in libben opbouwe koe mei in soldaat, dy’t nei har tinken maklik seksuele omgang mei froulju hie en altyd fier fan hûs wei tsjinje moast. Dizze grutte fragen makken it sa dreech foar Maaike om yn it begjin mei har gefoelens earlik te wêzen. Maaike woe earst bewizen sjen dat se op Koene lynje koe.

It swier wurden en deameitsjen fan Lys Jelles

Wat mei Lys foarfallen wie, beynfloede sterk hoe’t Maaike Koene tsjinoan seach. Lys Jelles wie in boerefamke fan de buorlju. Har âlders wie Murk Jelles en Grelda en hie in boer Meine. Se allegear hiene Koene ek holpen doe’t hy swier ferwûnd nei it hûs fan Evert Folkes ta brocht waard. Lys stie bekind as in frijmoedige jongensgek en hie betiid al seksuele omgang mei bygelyks Tamme fan Geale en Afke. Al dizze details yn har libben makken net sa folle út oan’t it bliken die dat se nei in feest op sneontejûn swier waard. Doe waard massaal nei de heit fan it popke socht en de fertochten wiene Koene en in oare buorjonge Oege.

It duorre in skoftke ear’t wat der presys yn it feest bard wie nei boppe kaam, om’t Lys der har ûnthâld fan ferlearn hie. Lys wie hielendaal yn betizing en se waard hiel oars as hoe’t se earder wie. In groepke buorjongen hiene sjoen dat Koene enLys op de hea mei-inoar frijd hiene, en tochten dêrom dat Koene de heit wie. Al hie Koene Lys leaf yn it begjin, mar Lys wie jaloersk dat Maaike mear fan Koene wist as Lys fan him sels dat Lys oergie nei Oege en it foar Koene syn eagen sabear die as se mear fan Oege hold. Dêrom woe Koene net mei Lys trouwe, al sei hy wol ta om it bern te fersoargjen. Letter as Koene werom nei syn mem yn Ljouwert reizge, sei mem ta dat Lys mei har bern by har bliuwe mocht. Mar safier wie it nea kommen. Oege wie ek de mooglike heit fan Lys har bern en de doarpsjongen brochten him nei Lys-en-dy ta om him te twingen mei Lys te trouwen.

Lykwols, doe’t Lys har wer werinnerje koe wat as yn it feest hielendal bard wie, die it bliken dat se eins troch trije manlju yn it tsjuster oantaast en ferkrêfte wie. Ien fan harren praatte it Frysk en de oaren it Engelsk. It trijetal kaam fan de skâns wei dêr’t Koene ek tsjinne. Troch de hopman te ynskeakeljen, wist Koene de trije manlju te finen en harren te bestraffen. Allegear waarden se oan de skande fan it bok brocht en de twa Engelsktaligen waarden ek ophongen.

Sa wie it ferhaal mei Lys toch noch net ôfrûn. Doe’t Koene fuort wie om syn speurtocht fuort te setten, kaam der in binde Spaanske soldaten dy’t Lys en har âlders deamakke hiene en harren pleats besochten yn brân te stekken. Meine, Lys har broer, bleau allinnich oer. Mei’t de hiele skâns befellen waard om nei in oar plak tsjin de Spanjoalen te fjochtsjen, wie der in leechte yn it doarp ta stân kommen. Koene praatte mei de hopman ôf dat hy jonges ta wachters opliede koe om it doarp te bewekjen.

De grutste soarch fan Maaike waard dus oplost. Koene wie gjin soldaat mear! Hy woe him yn it doarp nei wenjen sette. Syn omke Klaas Leffert joech harren ek in útstel om syn hierpleats oer te nimmen nei it ôfrin fan de pacht yn maaie. De âld-pastoar syn iennichste betingst wie dat se allebeide foar him soargje moast, om’t hy gjin bern hie. Beide stimden mei en it boek slút ôf mei in hoopfolle blyk nei de takomst mei beiden as buorren op it fjild.

Konklúsje

My tinkt dat it ferhaal moai mei de boektitel oerienstimt. Alles wat de titel belooft dat der oanbod komme sil, is wier makke. Foar it earst tocht ik wêrom’t it net Maaike Oarloch en leafde yn ‘e Spaanske tiid neamd wurde soe. Maaike is ommers it famke mei wa’t Koene ferkearing hie! Mar doe’t ik deroer neitocht, kaam it dúdlik foar dat Marije nei it Marijebyld ferwiist en dus ymplisyt nei de speurtocht dy’t mear as de healte fan it boek yn beslach nimt.

In moaie útfining fan de auteur is de sibskip tusken de nammen Maaike en Marije. Maaike is in ferlytswurd en is besibbe oan it Latyn Maria. It Nederlânsktalige namme Marije hat ek mei Maria te meitsjen. Yn it ferhaal is sein dat de frou dy’t yn it Marijebyld stie de oerbeppe fan Maaike wie. De byldhouwer wie sa fereale op Maaike har oerbeppe dat hy fan har antlit in byld makke hie. It wie dus in romantysk tafal dat Koene oan it ein fan it ferhaal it Marijebyld fûn en ek Maaike as wiif hie.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s