It ynfeizen ben dat teide

Schreeuwn troch Dyami Millarson

Yn it jier 2219 siet der in ben yn in piip. Ynfeizen wied er jieren felind dà ‘t er oon in eeuwngeneesliken siekte stúern wie. Ik seez ne wal ynfeizen, maar eigentlik wie it de bedúeling fan de wytenschappers om ynfriezing tjin tò gain, evenwal seze wy ynfrieze yn ús tang omdat it in echt Eilauner wes is en it lichem fan it ben wez op in tyge kauden temperatúer bewôre. Dàdestiids kúene de geneesheren him net redde en yn de heup dat er red wezze kúe yn ‘e tòkomst hie min him yn in piip sat mooi fleuber stikstaf. Omdat de wytenschap sont syn daid neut stilstain hie, koom op ‘t laste lest de tiid om syn piip epen tò metjen en him teie tò lieten. Hy wez mooi neje rieuwen tat livven bracht, friegje my net hò, en hy wez wetjen yn in wereld der ‘t min in eeuwren taal spriek dan er wind wie. Hy kúe de júed net gúed festain dà ‘t se tjin him praten. Omdat er him net sò lekker feelde, wied er gau oonbaand en omtstúech der rieuwzje. De geneesheren komen nooi him tò en wúeden mooi him praatje om him tat rast tò bringen, maar hy wúe net. Derom stjúersden se júed nooi him tò dà ‘t aik út syn tiid komme. Jà praten mooi him en stelden him gerast. Hy leersde de taal dy ‘t min yn de neje wereld spriek en hy foon it meu om wat nees tò leren. Hy feelde him tach wal gau tús.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s