It skriuwen is ek meditaasje

Skreaun troch Ken Ho

It is de ynformaasjetiidrek dêr’t wy yn libje. It betsjut ek dat wy konstant mei nije ynformaasje dwaande binne. In populaire sykterm yn de loft is “burnout” (wurdlik: útbaarnd wêze). It is in lienwurd út it Ingelsk en ferwiist nei in tastân dêr’t wy mei it libben amper de holle boppe it wetter hâlde kinne. Wy binne wurdlik hielendal ôfbaarnd.

De oarsaak is dat wy te folle nei bûten ta sjogge. Wy wolle mei de stream gean en wolle net troch ús mienskip en de wrâld útsletten wurde. Wy binne út en troch sels taret om ús ierd op te offerjen om ús allinnich mar by de trend oan te sluten. Meitsje wy doch in diel fan it gruttere gehiel en sa binne wy feilich.

Mar nee hear. Sa heart it doch net. Al kinne argumintaasjes mijd wurde en foar frede soarge wurde, mar de oarloch is eins ferpleatst nei ússels. Wy fjochtsje mei ússels en net mei oaren. Wy wurde de minste fijanden fan ússels, om’t wy net nei ússels harke ha.

In oplossing dêrfoar is meditaasje wêrby’tst nei binnen ta sjochst. Do tinkst oan dyn azem en wurdst dy bewust fan alles yn dysels. Itselde sjoch ik werom by it skriuwen, in proces dat dyn tinzen ferwurkjen helpt. Do hoechst gjin acht te slaan op wat in oar te sizzen hat, oan’t dyn stik hielendal klear is. Do moatst allinnich dyn tinzen organisearje en op schrift stelle. Troch dyn tinzen in plak te jaan wurdst ek befrijd fan it gefoel datst net nei lústere bist. Do kinst ek makliker aksjes nimme en foar dysels opkomme. Do hâldst net allinnich rekken mei oaren, mar ek mei dysels.

It is wol tiid foar in oar artikel om dysels tefreden te stellen.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s