Skreaun troch Dyami Millarson
2017 wie it jier dat ik in nij aventoer oangie en nei Hongkong ôfreizge. Fakentiids haw ik mysels de fraach steld: Wat die ik dêr yn Hongkong? Wêrom moast ik dêr wêze? Myn reis wie nedich as folgjende stap yn ús projekt foar it Frysk, fûn ik doedestiids en dat fyn ik no noch. Hongkong joech ús de ynspiraasje dy’t fereaske wie om ús rjochting te jaan foar it nije projekt foar it behâld fan it ferskaat oan Fryske talen yn Fryslân. De godlike omjouwing fan de Hongkongske timpels joech ús moed foar de takomst, en it brocht ús wêr’t wy nei op syk wiene foar it nije projekt fan 2018: Ynienen wisten wy hoe’t wy it nije projekt oanpakke moasten yn 2018. Doe’t wy leard hiene wat wy yn ‘e takomst dwaan soene, koene wy wer de rêst yn ús eigen hert weromfine.
Foaral Tinhau-timpels besochten wy yn 2017. Neat oars as de ,,siel fan Hongkong” sochten wy dêr. De âldste timpels yn Hongkong wiene tawijd oan de Goadin Tinhau, en neigeraden dat wy mear oer de histoarje fan Hongkong en Tinhau learden, beskôgen wy har mear en mear as de Goadin dy’t de kultuer fan Hongkong fertsjinwurdiget. Hja wie, neffens ús miening, sels de siel fan Hongkong dy’t ús nije tinzen ynazeme hie. Wy fûnen de âldste skiednis en kultuer fan Hongkong en de grutste ynspiraasje yn ‘e timpels fan Tinhau. Ek soe jit argaysk taalgebrûk yn ferbân mei de timpels fan Tinhau brocht wurde kinne, sa fertelde my Mike yn ‘e beromde, âlde Tinhau-timpel fan Yaumatei.
Hongkong is in drokke stêd en in reizger kin ta rêst komme yn ‘e Tinhau-timpels dy’t beskerming jogge tsjin lûdsoerlêst en de ferlerne bân mei de natoer yn stân hold. Ofhandich lizze de measte Tinhau-timpels en rûnom of flakby de timpels is faaks in stik hillige natoer te finen. Dizze natoer jout de besiker fan ‘e timpel in gefoel fan rêst, mar ek in gefoel fan ienigens tusken stêd en natoer. Der binne mear beammen te finen yn Hongkong en Makau as yn grutte stêden fan fêstlân Sina. Ek wannear’t ik mei myn freon en gasthear Ken Ho, dy’t him yn 2016 hielendal foar it Frysk fan it fêstlân ynset hie troch ôf te reizgjen nei Fryslân en by ús as bûtenlânske gast yn hûs te ferbliuwen, yn ‘e natoer fan Hongkong rûn, fielden wy de geast of siel fan Hongkong. Fan it begjin ôf hiene wy al op it each om it ,,echte Hongkong” te sykjen en dêryn wiene wy wis slagge mei ús natoerkuiers en timpelbesites.
Wy wiene mei ús hiele hert wurklik op syk nei ,,autentisiteit” en om’t wy ús hert folgen, hiene wy dat fûn yn Hongkong. Op ús gefoel wisten wy wêr’t wy hinne gean moasten om itjinge te finen dat ús hert begearde. Dat wie ek in grutte reden wêrom’t wy safolle mooglik eilannen fan Hongkong besykje woene. Einliks net allinne de natoer en de timpels fan Hongkong wiene de plakken wêr’t wy de siel fan Hongkong gewaarwaarden, mar ek yn it iten en drinken waarden wy dy geast gewaar. Wy learden in protte oer Hongkong yn ‘e restauranten wêr’t wy sitten hawwe. De wiere kultuer en histoarje fan Hongkong kin men sadwaande it bêst ûnderfine of gewaarwurde sawol yn ‘e natoer en timpels en eilannen as it iten en drinken en restauranten fan Hongkong.