Skreaun troch Ken Ho
It jier 2018, doe’t Ljouwert de Jeropeeske Kulturele Haadstêd wie, beskôgen wy as in oerute bêst momint om ús ûnthjit fan 2016 nei te kommen dat wy Aastersk, Skiermûntseagersk en Hylpersk leare soene en dêrmei de oandacht fêstigje soene op ‘e doedytiids útstjerrende Fryske taaldiversiteit fan Fryslân. Fan tefoaren wisten wy jit net dat wy hjirmei einliks oandacht jaan soene oan in gânske lânseigen Fryske taalfamylje. Dit die ús nij want wy hiene net ferwachte om ea trije echt selsstannige talen oan te treffen yn Fryslân dy’t ek fan it Aldfrysk ôfstammen lykas it ‘gewoane Frysk’ dat wy yn 2016 leard hiene.
Lykas oare frjemde talen, wiene Aastersk, Skiermûntseagersk en Hylpersk dreech om te learen. It wurd ‘taaldiversiteit’ betsjutte mear as wy yn earste ynstansje tocht hiene. It is oft wy nei it lân rûn wiene om in inkeld gewaaks út ‘e grûn te lûken, earst fine wy mar ien grutte ierappel en as wy de folgjende dei weromkomme om it lân om te skoffeljen, fine wy ynienen trije like grutte ierappels dy’t fruchten wiene fan itselde gewaaks. Dit ferraske ús wakker.
De Fryske taaldiversiteit fan Fryslân hold echt – dizze ûntdekking kin ik net faak genôch ferneame om’t it in grutte fynst wie foar ús as leafhawwers fan it Frysk – folle mear yn as wysels ea ferwachte hiene, mar it learen (en it ferlikenjen) fan ‘e trije talen, it sprekken mei de lêste sprekkers en it lêzen oer ‘e skiednis fan ‘e trije talen oertsjûgen ús hielendal dat dit wurklik talen binne dy’t nea dialekt neamd wurde moatte soene om gjin betizing te skeppen oer wat oars dizze talen en wat dreech hja binne. It wie sadwaande net ien taal yn it Keninkryk fan ‘e Nederlannen dy’t ôfstamme fan it Aldfrysk, mar einliks ien en jit trije mear dy’t dêrfan ôfstammen.
2018 wie fansels de fuortsetting fan ús taalprojekt dat begûn wie yn 2016. It is teffens myn twadde besite nei Fryslân. Yn 2016 hiene wy in algemien byld krigen fan it Standertfrysk dat ek Lânfrysk hjit. It Standertfrysk is einliks in kompromis dat makke is tusken twa grutte Fryske foarmen dy’t op it fêstelân sprutsen wurde, te witten it Klaaifrysk en Wâldfrysk.
Ta nije ynsjoggen kaam stúdzjefreon Dyami Millarson doe’t er yn 2017 nei Hongkong reizge wie en by my thús ferbleau. Hy hat likernôch trije moannen yn Hongkong west om oan ‘e Hongkongske kultuer diel te nimmen en om te sykjen nei aardige reaksjes wylst er eltsenien yn Hongkong oer it Frysk en ús taalprojekt fan 2016 fertelde. Syn aventoer yn Hongkong hat derta bydragen dat wy Fryslân op in fernijende wize beskôgje. Mei’t Dyami Millarson op in filosofyske syktoch gie yn East-Aazje (ik haw him dêr foar it grutste part by fergeselle, mar wie der net by doe’t er nei fêstelân gie) en besocht antwurden te finen yn timpels en restauranten (hy wist ommers dat iten tige by tige wichtich wie yn ‘e Sineeske kultuer, sels de grutste Sineeske filosoof Konfusius hie dit mear as 2400 jier ferlyn al sein), hiene wy de geastlike tarieding krigen dy’t wy nedich hiene foar 2018.
Wy hiene yn 2016 de ûnthjitting makke om Aastersk, Skiermûntseagersk en Hylpersk te learen, want wy woene se mei it Standertfrysk en mei-inoar ferlikenje. Wy hiene doedytiids einliks net troch wat oars it Aastersk, Skiermûntseagersk en Hylpersk binne. Sa’t ik earder sein haw, it Aastersk dat sprutsen wurdt beëasten it waadeilân Skylge, it Skiermûntseagersk op Skiermûnteach en it Hylpersk yn ‘e stêd Hylpen binne einliks trije ferskate talen. Alhoewol’t dizze trije op histoaryske grûnen oare talen binne as it Standertfrysk, is dit feit faak oer ‘e holle sjoen yn it ferline en om dizze histoaryske flater te korrizjearjen, hiene wy it ta doel steld om omtinken oan dizze trije talen te jaan yn 2018.
Us gearwurking ûnder it reizgjen en ús konseptuele tarieding yn 2017 joegen de hoekstienen dy’t wy nedige hiene foar ‘e beëage risseltaten yn 2018. Elts fan ús beiden die op syn eigen tempo de talenstúdzje. Om’t it learwurk frij mânsk wie, hiene wy in yndieling makke: nei’t wy beiden it Aastersk leard hiene, learde ik it Hylpersk en Dyami it Skiermûntseagersk foar myn besite yn augustus 2018. Dizze wurkyndieling makke it mooglik dat der safolle berikt waard. It stúdzjetempo fan Dyami wie sa opmerklik dat er yn ien moanne it Aastersk en yn sân wiken it Skiermûntseagersk leard hie. Syn prestaasje mei it Aastersk waard troch de Ljouwerter Krante feriuwige en syn prestaasje mei it Skiermûntseagersk yn it Frysk Deiblêd. Ek it Hylpersk hat er yn trije wiken tiid leard doe’t ik al yn Fryslân wie en alhoewol’t ik yn itselde hûs mei him ferbleau, hie ik it net iens troch dat er oan it learen wie noch hie ik it sjoen hoe’t er de taal eigen makke hie; sa kin ik him al jieren, hy is in master yn doelmjittich wurkjen. As de wil der by him is, dan kin neat him tsjinhâlde. Wy wiene yn dy tiid tige drok mei fan alles dat der geande wie en wêr’t er de tiid fandinne helle hie om Hylpersk te learen wit gjinien; earst koe er jit gjin wurd Hylpersk en yn koarte tiid koe er ynienen mei it grutste gemak Hylpersk prate. Ik fûn dat wol ien fan ‘e aldergrutste wûnderen fan dat gânske jier.
Mei’t ik al foar myn oankomst yn Fryslân yn augustus 2018 al goed mei de oanbelangjende talenkennis tarist wie, koe ik fuortdalik mei it leafdiedigenswurk úteinsette. Us doel yn 2018 wie dúdlik. Wy woene omtinken jaan oan ‘e Fryske taaldiversiteit fan Fryslân. Dit waard dien tsjin de eftergrûn dat Ljouwert-Fryslân troch de Jeropeeske Uny ta de Kulturele Haadstêd fan Jeropa yn 2018 beneamd wie. Dêrom wie it foar ús in prachtige oangelegenheid om de lânseigen taalkundige, kulturele en histoaryske mearfâldigens fan Fryslân nei foaren te bringen. Troch nei Fryslân/Ljouwert ôf te reizgjen, kamen gasten fan oer ‘e hiele wrâld ek yn ‘e kunde mei de kleurrike tradysjes fan ‘e Friezen. Hjir woene wy in wichtige bedrage oan meitsje.
De earste pear wiken sûnt myn oankomst wiene smoardrok mar foar in goed doel! Foar it earst gongen wy nei it waadeilân Skiermûntseach om de lêste likernôch tritich âlde sprekkers fan it Skiermûntseagersk (it Eilauners) te moeten. De moeting fûn plak yn it keningshús. It wie sa ynrjochte, dat de skip- en walfiskfeart as in ûnmisber ûnderdiel fan it libben fan ‘e eilanners dúdlik nei foaren brocht waard. Foar ‘e doer fan ‘e moeting waard de âlderein tige oandien en sei dat it kertier foar tolve wie foar harren taal. Guon seine sels, doe’t se ús harren taal sprekken hearden, dat se ús al lang kend hiene. Mei’t we mei ús trijen (ik, Dyami Millarson en Giovanni Pinto, in feint út ‘e hakke fan Itaalje) it Skiermûntseagersk prate koene, neamden de eilanners ús leafkjend ‘de trije wizen út it easten’. Hoe’t taal minsken ferbynt, haw ik doe libbensliif meimakke. It wie sa noflik dat ik my mei-ien thús fielde op Skiermûntseach! Stúdzjefreon Dyami Millarson hat letter ek skreaun foar in fraachgesprek oer it ‘Eilauners’ dat er in soad pakes en beppes derby krigen hie troch it learen sprekke fan it Skiermûntseagersk. Dit jier wied er op it eilân om syn jierdei fan 19 maaie mei de Skiermûntseagersktalige âlderein te fieren troch by harren thús op besite te gean en jierdeistaart oan harren te bringen. (Hy hat yn 2017 syn jierdei yn Tainan, in Taiwaneeske stêd dy’t in histoaryske bân mei Nederlân/Fryslân hat, fierd foar ús East-Aziatyske kultuerprojekt en it wie tagelyks ek in fiering fan ‘e bân tusken East-Aazje en Nederlân/Fryslân, sis mar east en west, en yn 2018 hat er syn jierdei fierd troch it Aastersk te kinnen sprekken nei ôfsluting fan syn taalútdaging om it Aastersk te learen yn ien moanne.) No is er ek wer sûnt 21 septimber op it eilân om de bannen mei de âlderein waarm te hâlden en ûndersyk nei de taal te dwaan. Us leafdiedigens is fansels tige sosjaal en de âlderein fielt sich heard hjirtroch. Mei de tiid hoopje wy de âlderen harren persoanlike libbensferhalen en -erfaringen fêst te lizzen yn harren eigen memmetaal, oft it no Aastersk, Skiermûntseagersk of Hylpersk is.
Eltse taal fielde eigenaardich oan, foel by it learen op. As it Skiermûntseagersk mear mei de natuer te dwaan hat, is it Hylpersk mear mei keunst en handel ferbûn en it Aastersk mear mei lânwurk en folkslibben. Dit hiene wy fêstlein nei’t wy de talen leard hiene en dêrnei nei Skiermûntseach, Hylpen en Skylge reizge binne. Yn Hylpen wurde der út en troch minsken sjoen dy’t de âlde Hylper klaaiïng drage om se oan it publyk sjen te litten. Yn it hûs dêr’t wy gesprekken mei âlde Hylpers fierden, seach ik moaie patroanen oeral, bygelyks op ‘e tafel, op ‘e kist ensafuorthinne. Der wiene folle noflike prikels foar ‘e sintúggen, soe ik sizze. It die ús deugd dat de Hylpers nei de moetingen mear foar harren taal opkommen woene. Sa hie in dielnimmer foarsteld dat der faker gearkommen wurde sil om oer it Hylpersk te diskutearjen en dizze persoan joech Dyami Millarson gelyk dat âlde wurden, rymkes, liedsjes, ferhalen en sa gewoan besprutsen wurde moatte. Hoe’t mear diskusjes der binne, hoe’t bewuster minsken wurde fan ‘e rykdom fan harren taal, kultuer en skiednis. Dit lêste punt hiene wy mei klam útdragen foar ‘e doer fan ús presintaasje fan ús ûndersyksrisseltaten yn ‘e lytse tsjerke fan Hylpen. De tsjerke wie fol mei oandachtige minsken, sawol âlde as jonge. (Dit wie it bewiis dat it Hylpersk doe echt wer yn ‘e belangstelling stie.) Doe presintearren wy dat it Hylpersk in foarmfêste taal wie om’t der net folle feroare wie yn ‘e lêste pear hûndert jieren. Yn in antwurd op in fraach oer ‘e spelling fan it Hylpersk joech ik oan dat de spelling fan van der Kooy de eigenaard fan it Hylpersk goed ta útdrokking bringt en dêrom hat it myn foarkar. Wy jûn ek folders út dy’t ús ûndersyksrisseltaten bûnich gearfetten. Under ‘e moeting fan ‘e presintaasje waarden wy ek ‘ambassadeurs fan ‘e Hylper taal’ neamd troch Piet Sprik fan Immaterieel Erfgoed Hindeloopen (hy is te sjen op ‘e foto fan ‘e presintaasje hjirboppen). Nei ôfrin fan ‘e taspraak like my ta dat elkenien wat mear foar it Hylpersk dwaan woe, itjinge dat my bliid makke.
De lêste dagen fan myn besite hiene wy trochbrocht troch op Skylge by in Aasterske famylje te lozjearjen. Yn 2016 hiene wy de earste ferkenning makke doe’t wy by de Folkshegeskoalle op it waadeilân lozjearden. In sjoernaliste fan ‘e Skylger krante hie mei ús in fraachgesprek fierd en oer ús taalprojekt skreaun. Dizze kear yn 2018 waarden wy útnûge om in dramatyske útfiering by te wenjen. It fernuvere my omraak doe’t foarôf oan it begjin fan ‘e útfiering myn oanwêzigens bekend makke waard.
De útfiering waard makke troch de jûnpraters, dy’t regelmjittich gearkamen om it Aastersk ynstân te hâlden. It wie tige moai om de taal libjend te sjen, foaral om’t der sa kreatyf mei de taal dwaande hâlden is. Boppedat ha wy yn in goede boekhannel op Skylge west, dy’t boekeboer hjit. De eigentlike boekeboer wie spitigernôch al stoarn doe’t wy de winkel besochten yn 2016. It makke my op ‘e nij bewust dat as in taal net trochjûn wurdt oan ‘e kommende generaasje, de taal en de byhearrende kultuer en skiednis ek nei it grêf geane mei de dea fan ‘e lêste sprekker. It is in wedstriid mei de tiid om de weardfolle kennis te bewarjen foar ús bern en bernsbern. Dat is wêrom’t wy de talen sa fluch mooglik eigen meitsje wolle; ús wurkwize is ûntstien út ‘e needsaak dy’t heart by útstjerrende talen.
Us belibbenis mei de trije lytse Fryske talen yn 2018 hat my oantrune om oer ‘e gânske Fryske taalfamylje fan Fryslân yn it Keninkryk fan ‘e Nederlannen nei te tinken. It is my opfallen, dat de allegory fan ‘e kanaryfûgel de taalsituaasje fan it Frysk dúdlik makket. Yn in kollum dy’t ik skreaun haw en nei it tiidskrift Ensafh tastjoerd haw, haw ik oan ‘e hân fan ‘e allegory de ferhâlding tusken it Standertfrysk en de trije lytse Fryske talen ferklearre. My tinkt dat de it Aastersk, it Hylpersk en it Skiermûntseagersk sustertalen binne fan it Standertfrysk. Hja hawwe allegearre it Standertfrysk stipe en grutbrocht. Ien kear as se útstjerre, ferliest it Standertfrysk (ek wol Lânfrysk neamd) dus ek wichtige stipe om fuort te libjen. Yn ‘e kollum dy’t publisearre waard op 9 novimber 2018, haw ik it Fryske folk syn gewisse oproppen ta rjochtfeardigens foar ‘e trije lytse sustertalen fan it Lânfrysk.
Njonken al it leafdiedigenswurk foar Fryske talen hawwe wy ek yn Fryslân reizge om mear fan ‘e kultuer te ûntdekken. Jûns giene wy iens nei Frjentsjer om nei in drama te sjen dy’t oer Eise Eisinga syn libben fertelde. In oare kear doe’t wy yn Frjentsjer wiene datselde jier besochten syn eartiidse wening mei syn frou, dêr’t hy eigenhannich in astronomisk apparaat yn harren sliepkeamer makke hie. Oan ‘e hân derfan liet hy oan syn stêdsfolk sjen dat de foarspelling yn ‘e kranten dat de ierde ûndergean soe net wier wie. Hy hat fan 1774 oant 1781 oan it bouwen fan syn model wurke, en syn trochsettingsfermogen om it tsjindiel fan wat de lju leauden te bewizen hat in ûnferjitlik yndrok op my makke. Syn libbensrin hat wis oan ús syktocht nei de Fryske eigen aard in protte bydragen. Misfettingen binne fan alle tiden, dat haw ik wis ek derfan leard. Sadwaande hie syn wurk om misfettingen yn syn tiid de wrâld út te helpen my sjen litten dat it wichtich is om de ferkearde opfettingen omtrint de Fryske taaldiversiteit fan Fryslân yn ús eigen tiid út ‘e wrâld te helpen.
Nei myn koarte tahâld fan trije moannen yn Fryslân yn 2018, hat Dyami Millarson eigenhannich ús leafdiedigenswurk trochset. Hy reizge faak nei Hylpen om opnames te meitsjen en nije taalkundige materialen te sammeljen troch de moetingen mei âlde Hylpers by te wenjen. Net allinnich binne de Hylpers aktiver wurden mei it brûken fan harren taal sûnt dy tiid. Der komme ek weardfolle ynformaasje nei boppe om de taal, kultuer en skiednis fan Hylpen better fêst te lizzen. Soksoarte fjildwurk hat Dyami ek útfierd mei it Skiermûntseagersk. Kontakten dy’t wy foarhinne lein hawwe, hawwe ús nije ynformaasje oer harren taal jûn. Sa’t ik earder yn dit artikel oanhelle haw, Dyami Millarson hat sels syn jierdei op 19 maaie 2019 op Skiermûntseach trochbrocht. Fjildwurk is dêrom sa suver mei syn deistige libben kombinearre dat er it rêden fan Fryske taal, kultuer en skiednis gjin eagenblik fertrage hat.