Schreeuwn troch Giovanni Pinto
Om dit stok tò schrieuwen friege ik mysalm oof: Hò kinste lere om batter Eilauners tò sprakken? Wat moste yn eeuwre wezzen dwaan om it sprakken fan de aude taal fan Lytje Pole fole batter eeuwnder de knivvels tò krejen? Antweurden op dy gotte fraach staie hiereeuwnder.
Tink yn ‘t Eilauners. It tinken is wrachtich in stark middel. It súe sòfole muchlik gebrúkt wezze motte. Metje it dyn geweunte om mooi dysalm yn ‘t Eilauners tò sprakken. Betink it yn dyn hôle feurdat ‘ste wat seiste mooi dyn múlle. Fetôl ieuwr dyn gedachten ieuwr útienronende saken yn ‘t Eilauners.
Sat net dyn memmetaal ieuwr nooi ‘t Eilauners. Aste net op ‘e krekte sin yn ‘t Eilauners komme kinste, tracht net om dat nooi dyn memmetaal ieuwr tò satten. Aste dit dochste, dan sil it dy net hilpe om werklik gúed tò leren. Metje gin grap fan dysalm. Besikje dus de krekte gebrúkswiize út tò fiinen dy ‘t ‘ste troch tò lôzen af oon ien tò friegjen kreje satte.
Sprak Eilauners wanneer ‘t ‘ste maar de kauns heste. In gúejen leerling sil elke kauns pakje en syn feurdeel dwaan om wat yn ‘t Eilauners tò sezen. Yn ‘t begin kin it in bytke fraimd ieuwrkomme, aste eeuwnneudich de minsken oonsprakste, maar aste der rakkening mooi haudste, dat ‘ste in beginner biste en dat ‘ste eerder net fole af helendal net úefene heste, dan wetste wal dat ‘ste ydere kauns nimme moste om wat Eilauners tò úefenjen. Ôles sil dernooi fansalm op ‘t lange lest feur dy makliker wezze, omdat ‘ste it Eilauners altyd tò brúkken besacht heste, wanneer ‘t ‘ste maar de kauns derfeur hieste.
Leer sinnen en wysheden. Richtje dy net allene maar op inkelde wezzen, maar aik op sinnen en wysheden. Wanneer ‘t ‘ste de kauns om in oontal gúeje wezzen tò leren sjochste, tôl sokke kinnis net as foldwaande, omdat ‘ste aik in berch eeuwre útdrukkingen lere moste, sòas wysheden en eeuwre sinnen, dà ‘t fakentiids gebrúkt wezze, aft selfs yn it daaglikse livven. Besikje aik yn eeuwre sinnen dà wezzen tò gebrúkken. Deze úefening sil dyn wezzenschat fegotjen hilpe.
Lúster nooi de eeuwren, dà ‘t it Eilauners sprakke. Lúster sò faak muchlik. Aft it ynnimt dat ‘ste nooi in opname lústerje moste, aft nooi in liet, aft aik in freeuwn, dy ‘t gúed Eilauners sprakke kin: dò moste in berch lústerje. Heuters en teuters, oonhaudend lústerjen tjene de febattering fan dyn kinnis en dyn útspraak. Allene maar de gaunsken tiid lôzen sil dy wal fole hilpe maar dat sil op den dúer mooi dyn sprakbedreeuwnheid net genooch húelpen hawwe.
Leer hò ‘t ‘ste itsalde aik eeuwrs útdrukke kiste. As it aik mooi eeuwre tange it gefal is, itsalde jildt feur it Eilauners, dat in bepaalde sin fole muchlike wiizen het, werop dy útdrukt wezze kin, maar dà binne ôlegerre adich gelyk fan ynhaud en betekenis. Aste al deze sinnen leerste dan satte dy nach dúdliker en mooi fole mair noflikens útdrukke kinne.
Hew maar net tòfole aunst dat ‘ste fauten metje satte. Aste wetste dat der de muchlikheid is dat ‘ste fauten môkeste, wyl ‘t ‘ste sprakste, sorgje dan, dat ien oonwezich is, dy ‘t wat ‘ste seiste nooi tò sjain wet. Min leert in berch fan de fauten, dà ‘t hy môke. Der húefste dy net feur tò beschomjen.
Hew fetreeuwen yn dysalm. Dy seker fan dysalm felen is net allene belangryk om gúed prate tò kinne, maar it is aik fan got belang yn fole eeuwre opsichten fan ‘t livven. Dò satte fole meute hawwe, wyl ‘t ‘ste sprakste, en dy kin it felies fan fetreeuwen yn dysalm tòweechbringe. Hew fetreeuwen yn dysalm yn welke omstaunichheden dan aik, selfs aste wetste, dat ‘ste fekeersd sprakke satte, liet it dy net eeuwnseker fan dysalm fele en dy dus stopje mooi ‘t úefenjen.
Haud it saaklik. Fetôl sò kots muchlik wat ‘ste sizze moste en helje derút wat eeuwnneudich is om tò sorgjen dat eeuwren dy makliker begrype kinne en festaun hewwe fan wat ‘ste seiste.
Geniet derfan. It leren is net altyd oongenaam, maar it is seker belangryk dat ‘ste wiizen fiinste werop ‘t ‘ste fan it leren geniete kiste. It leren húeft net allene maar hes werk tò wazzen. Werkje dus wal hes, maar doch aik wal wat ‘ste adich fiinste.
Praat mooi dysalm. Wanneer ‘t ‘ste free en allene tò hús aft ergens eeuwrs sitste, nim dan de kauns om in pair wezzen mooi dysalm tò wikseljen. Dit is in gúeje úefening.
Gebrúk in spegel. In heel gúeje úefeningswiize is mooi behulp fan in spegel tjin dysalm tò praten. Fiin pôsende eeuwnderwerpen en kies in pair derfan. Nim twa aft trooi menútten om sonder dyn tòspraak tò eeuwnderbrakken oonhaudend ieuwr dat bepaalde eeuwnderwerp tò sprakken dat ‘ste keizen heste. Blieuw deze úefening daagliks útfúeren en dò satte wal marke dat ‘ste keer nooi keer al maar troch ‘e úefening batter weste. Uefening kraime konst; sò seit min aik yn ‘t Hollauns. As der in punt is, wyl ‘t ‘ste dyn tòspraak opleverste, dat ‘ste net mair wetste, hò ‘t ‘ste trochgain moste, begin dan eeuwrs it út tò lezen, en itsalde op in eeuwre wiize tò fetôlen.
Blieuw regelmatich Eilauners sprakken.
De baste wiize om dyn Eilauners al maar batter tò metjen is troch neut mooi it daagliks gebrúk metjen fan it Eilauners op tò hauden. Wees net felegen en sprak sò faak en sòfole muchlik de minsken fan ‘e plúech om dy hanne oon, dà ‘t mooi dy lere wille, en hilp ineeuwr al jimme twiivels en eeuwnsekerheden tò feklairjen. De ienichste wiize om de tang, jò ‘t ‘ste lere watte, ooin tò metjen en om jò altyd tò omthauden, is der sonder ieuwn gebrúk fan tò metjen.
Schrieuw en lôs regelmatich yn ‘t Eilauners.
It schrieuwen en it lôzen hilpt net allene mooi it omthauden en it leren fan neje wezzen, maar it môke dy aik wyzer mooi ‘t opbeeuwen fan besonderdere en meulikere sinnen, en it môke it dus aik gemaklier feur dy om netter tò sprakken. Dus schrieuw en lôs in berch artykels en búeken.
Interesting and great advice. I am really surprised by how much I can follow while reading your article. Not perfectly by any means, but far more than expected with some exposure.
LikeLike