Skreaun troch Dyami Millarson
Fan libbensbelang binne de rjochtswittenskip, medyske wittenskip en psychology. It let neat om sa folle mooglik fan dizze trije wittenskippen ôf te witten. Juridyske, medyske en psychologyske kennis fuortsterket de wilskrêft fan ‘e geast. It makket it gemoed fan in minsk sterker. Sadwaande mei der wol sein wurde dat dit trijetal wittenskippen de manmoedigens perfoarst útbouwt fan wa’t him der genôch op taleit. Dizze kennis is ûnûntwynber yn ús tsjinwurdige maatskippij. Kinst dysels einliks net iens genôch ferdigenje asto dy dy stof net eigen makke hast. Wurdst de proai fan ferskate haaien ast dy net ferdjippest yn dizze wichtige, praktyske matearje.
Yn ‘e hjoeddeiske wrâld is it ûntinkber dat wy sûnder rjochtswittenskip, medyske wittenskip en psychologyske wittenskip kinne. Dêrom is it mar better om dizze wittenskippen te omearmjen en der in master yn te wurden. Earder moasten bygelyks alle mannen sterk wêze en harren krêft sjen litte troch bedreaunens yn it jeien. Yn ‘e tsjinwurdige tiid jildt net mear de krêft fan it lichem mar de krêft fan ‘e geast as beskiedend foar woltierigens. Earder wie in manmoedich minsk ien mei in sterk lichem, no is in manmoedich minsk ien mei in sterke geast. It aksint hat him ferpleatst fan it lichem nei de geast nei geraden dat de minsklike maatskippij him fierder ûntwikkele hat. Yn ús wrâld is it ommers wichtiger om dysels ferdigenje te kinnen mei de geast as te ferdigenjen mei it lichem.
De krêft fan it lichem is op ‘e eftergrûn kommen fan it minsklik bestean op ierde om’t wy safier ûntwikkele binne mei ús technology en wittenskip dat wy almeast gjin lichemskrêft mear nedich hawwe. Wêr’t it no allinne jit om giet foar ús hjoeddeiske minsken, is om ússels geastlik net swak op te stellen. Alhoewol’t de maatskippij fier ûntwikkele is, makket it jit altiten de wolf yn in oar wekker asto dy as in swak teike opstelt. Op in dei sil men faaks wol sûnder geastlikke krêft kinne at keunstmjittige yntelligensje al it swiere tinkwurk foar ús oernommen hat en der gjin brekme mear is troch fier foardere robotisearring en yndustriele romtefeart. Mar dy dei is jit net kommen, en dêrom moatte wy ús rjochtsje op it eigen meitsjen fan ‘e feardigheden dy’t wy nedich hawwe om sa goed mooglik te oerlibjen yn dizze tiid dêr’t wy yn pleatst binne. Wy meie folle dreame en der is neat tsjin dreamen oer bettere tiden. Lykwols moatte wy ús oan dizze tiid oanpasse as wy yn it hjir en no woltierich wêze wolle. Gjin woltierigens sûnder grutte manmoedigens. Mei dizze gedachte kinne wy foarút en sa kinne wy in protte dwaan yn en foar ‘e wrâld dêr’t wy diel fan útmeitsje.
Mm… This one didn’t translate.
LikeLiked by 1 person
The article is about the importance of three sciences: law, medicine and psychology.
The Google translation (click on link) is not perfect, but it does provide an impression of the content. It is clear that Google still needs to improve its translation service for the Clay & Wood Frisian language (simply called “Frisian” by them).
LikeLiked by 1 person
Thanks! Google could improve much. 😎
LikeLiked by 1 person