Wer ‘t ús werk om gie

Schreeuwn troch Giovanni Pinto

Nooi in langen tiid, dat ik gin stok – aft, aste yn in eeuwr wes dat út it Latyn oofkomstich is it seze súeste, in artykel – yn it Eilaunders útjeeuwn hew, schrieuw ik fannacht ien, sò dat dit gebrúk opnee yn livven rupt is en om tò hilpen mooi ‘t behaud fan dees tang en om it yn ere tò hauden, en om mair schriftlik gúed oon tò metjen, sò dat de júed fan Nederlaun en selfs de gaunske wereld hierfan lere kinne. Der stie, yn ús tang, net genooch schreeuwn en ik bin derom fan ‘t ieuwrtúegjen dat ik mair yn dees tang schrieuwen gai, sò dat deze gong feëeuwre en en it werk fan ‘e tang fan Lytje Pole wier op in gúejen speur komt.

Ús werk gie om it opstellen fan stokken feur it tiidschrift fan Operaasje X; de stokken gaie ieuwr ús tangfesammelwerk en der is aik de schriftlike opstelling fan matryaal yn ‘e feschillende Frieske tange salm, en dernooist it schrieuwen fan búeken, dat fole mair tiid deure, maar it blieuwt altyd slim belangryk feur ‘e kinnisfesammeling fan Frieske tange. It deure fansalm langer om búeken tò schrieuwen, maar it is wal altyd de meute wezzich.

Ik, Giovanni Pinto, leeuw feural dat it is troch it trochgainde schrieuwen yn ‘e feschillende Frieske tange en it konstant gebrúkken derfan ieuwral dat wy dà eeuwntôlbere tange fan ôle Frieslaunen, maar aik tange fan eeuwre femyljes gaie redde, as wy op deze wiize tò werk gaie. It ieuwrlivjen fan in tang gie opsich om hòfole jò tang gebrúkt wedt, dus it is troch it gebrúk fan in tang, feural troch mairdere júed aft minsken aft in gemienschap, wer ‘t allene maar in bepaalde tang sprakt wedt en sòfole muchlik net eeuwre tange. Ja, it is wis en seker belangryk om aik yn ‘e gottere tange tò schrieuwen, maar in tang mot aik in starke en machtige greeuwn, in hezze basis, hawwe, as min jò tang feurútgain sjain wil.

Eer ik de Eilausntaal leersde mooi myn freeuwnen feur it behaud fan de lytje taal fan it Eilaun, hie ik de dreum haun dat op ien dei min wier it Eilaunders, aft it aik sònaimde “Schiermonnikeigers”, opnee yn gebrúk komme súe, aft tòminsen in Eilaunstangige gemienschap tat staun komme súe, dy ‘t ús jaive en beminde memmetaal forderje súe. Dit gebôrsde sò as ik it yn mysalm heupt hie omdat wy as plúech fan trooi jonge kairels de tang leersd hewwe; de ynsichten fan Dyami Millarson wiene fan belang hieryn omdat hy ús tògaire bringe kúe feur in heiger duel dat ús livven feur altyd fereeuwre súe.

De gotste bedriiging feur in tang en syn ieuwrlivjen is de storflikens fan har sprakkers, en yn feite it súe de dreum wazze, dat de minsklike livvensdeur langer wezze súe, om aik it livven fan deze tange langer tò metjen, maar der is nach net genooch feurútgong wezzen yn ‘e wytenschap, om saken sòas eeuwenlange minsklike livvens en eeuwnstorflikens plak fiine tò lieten. Wy wille dees tang yn ‘e geschiednisbúeken schreeuwn tò stain sjain, en wy winskje dat dees en gin eeuwre tang fan welke folk dan aik feur eeuwich fejetten rôke.

De aude Europeanen, as it mooi de Gryken, de Germanen en de Romeinen gúed bekind is, jeeuwnen om de herinnering fan har daden, seden en jepgong, jà jeeuwnen nammentlik om har ere, it Grykse “τιμή”. Sò jeeuwe wy aik derom, en dit aude begrip fan ere hilpt ús mooi de fordering fan ‘e bestainsjochten fan ‘e Frieske en eeuwre minderheidstange, dà ‘t fole eeuwnderhaud, mair dan wy tinke súene, neudich hewwe.

As it tò sjain is, jeeuwe wy net allene maar om Frieske en Germaanse tange, maar aik om eeuwre minderheidstange, even as it Gryko yn ‘t súdden fan Ytaaljen, dat bedriiged is, en werfan ‘t ien fan ‘e feurnaamste sprakkers, dy ‘t sò gúed jò tang beheerskje kúe en deryn fleujend wie, Renato Delos, yn ‘t jier 2018 út ‘e tiid rôked is – aft mooi ‘n eeuwr wes út ús Eilaunse wezzenschat, stúern is.

Dit seurt ieuwn súene wy neut sjain wille feur jò tang fan ús Lytje Pole, derom gaie wy hes oon ‘t werkjen om se tò redden, en dit nimt meute en it fluch deroon tò werkjen. Wy sjaie dit as ús heilige arbeid en plicht, omdat wy mooi folle ynsat werkje wille feur it behaud fan dees tang.

One comment

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s