Schreeuwn troch Giovanni Pinto
Lytje Pole, it eilaun, der ‘t it Eilaunders spritsen is, in streektang fan ‘t Noden fan it Keuninkryk fan ‘e Nederlaunen, twisken de eeuwre Frieske eilaunen, het sont 2018 in starken bjaun mooi ‘t darp fan Ytaaljen, Mola di Bari, dat ik Meeuwn naime súe, wer ‘t it Moleesk sprakt wedt, hòwal ‘t it gebrúk derfan fereeuwre is yn ‘e jieren, mooi ‘t neje laach dy ‘t syn tang eeuwrs sprakt dan it aude geslacht. Ik sprak it Moleesk sòas myn gotauders, en behaude jò aude tang. 2018, dà ‘t trooi feschillende jepgongen múeten, ien út Sjyna, ien út Frieslaun en ien, de myne út Mola di Bari. Yn Mola di Bari hew ik myn aiste teksten yn ‘t Eilaunders ieuwrschreeuwn. Der leersde ik hò ‘t ik it Eilauners pôsend sprakke en schrieuwe most. Ik hew al de teksten yn ‘t Eilaunders da ‘t ik fiine kúe op in oontekeningenbúek fesammele, mooi fole da ‘t fan seldsume wiene. Sont dy tiid blieuw ik yn ‘t Eilaunders schrieuwen, en sò haud ik neut op mooi ‘t leren en it ooin metjen fan dees tang. Us plúech, wat ‘ste yn ‘t Hollaunsk naimste, groep, het de wiize auden fan ‘t Eilaun múete en kinnis wiksele. 2018 wie in seer bysonder jier, eeuwrs dan de folgjende twa eeuwngelokkige jieren da ‘t folgen, mooi ‘e útbrak fan in wereldwiide siekte. Feur dat jier hie ik gin kinnis fan Lytje Pole en syn aude tang. Mola di Bari, de lytje sted wer ‘t ik wooi kom, der ‘t ik gebeuren en opfúeded wie, wer ‘t ik ne net mair livje, het dus ne in eeuwich, geschiedkundige bjaun mooi ‘t eilaun Schiermonnikeich omtwikkele. De twa jepgongen binne ôlebeide geschiedkundich fan bieuwren en seemanjúed, en festaie ineeuwr gúed. It Apeeuwljaanse en it Friese folk gaie dus gúed mooi’neeuwr om en de iene kin fole fan ‘e eeuwre lere. Ôlebeide hewwe in lange geschiednis fan aude beschavingen, de Friesen, de Grieken, mooi ynflúeden fan eeuwre Mediterraanse jepgongen. Yn desalde streek fan Ytaaljen, Apeeuwljen, wezzen de resten fan ‘t Audgrieks sprakt, yn ‘t bysonder Koine (Ελληνιστική Κοινή) in lattere omtwikkeling fan jò aude Griekse tang, wer ‘t it Gryko út stamt. It lat het deze trooi tange en ydentiteiten febeeuwn, it Gryko mooi ‘t Moleesk fan Apeeuwljen dus en ‘t Eilaunders fan Frieslaun. Der is net genooch werk dien feur deze trooi tange dien en ik sil mooi myn plúech dat werk útfúerje, omdat gin eeuwren yn deze tiid it kinne. Troch dit tiidschrift hilpe wy it Eilaunders en ôle eeuwre minderheidstange, da ‘t wy lere kinne en hulp neudich hewwe, fast en fierder hilpen om tò ieuwrlivjen aft tòminsen troch ‘e eeuwen hanne bewarjen. Selfs as de meute dien wez om deze streektange ôlegerre tò redden troch schrieuwers da ‘t feur ús komen, it blieuwt net genooch en it is beslist ús plicht fan ‘t Lat om har tò forderjen. 2018 wie it begin fan in nejen eeuw feur ôle streektange fan ‘e wereld yn ‘e striid om har gelykens yn staun tò hauden, en wy garandeerje dat dit feschynsel troch ús werk en de steun fan ús folgers allene maar trochgain blieuwe sil.