In tang sprakke is sò as in wereld yn dysalm drage

Schreeuwn troch Giovanni Pinto

Dà ‘t ik nooi in ynjeeuwing oon it sikjen wie om in nee stok yn ‘t Eilaunders tò schrieuwen, koom my yn ‘t sin dat wanneer wy in tang sprakke, wy dan in hele wereld en ôle júed, dà ‘t deryn livje en leve hewwe, yn ússalm drage.

Sò ‘n wereld beeuwt min mooi de konstformen, sò as ‘t schrieuwen, it tekenjen, it metjen fan stien- aft heeuwtbeelden, maar aik troch ‘t toneelspyljen, en heden ten dage môke min selfs opnames fan toneelstokken, dus kinste aik mairdere keren in eeuwre wereld feur dyn eigen sjain.

Der is in wiize om dà omjeeuwingen dà ‘t al yn dyn febeeldingsfemogen bestaie tat it livven tò bringen en it is troch it beeuwen fan gaunske steden, sò as Disneylaun en it opsatten fan tieuwnen aft eeuwre netieuwrlike plakken scheppen aft fereeuwrjen op ‘e ieze. Ik fiin it belangryk om meuje plakken feur in bepaalde tang en jepgong tò formjen, sòdat ‘ste aik as de sprakkers fan jò tang, de dragers fan in bepaalden jepgong en de behauders fan de ooine aude seden tinke kinste. It is nammentlik belangryk om tògelyk in tang en it plak, konstmatich aft netieuwrlik dat it sei, der ‘t it sprakt wedt, tat it jiet tò bringen.

Elke tang kin op sò ‘n wiize tat it livven bracht wezze. Wanneer ‘t ste wat leerste, draachste aik rykdommen yn dy. Yn ‘t Latyn seit min “homo doctus semper in se divitias habet”, deze sin is ien fan ‘e sinnen yn ‘e tang fan ‘e aude Romeinen dà ‘t ik bemin en yn desalde tang binne fole mair belangoonjeiende gesechdes dà ‘t ik naime kinne súe.

Elkenien súe gaunske werelden yn him drage kinne, as ‘t er maar it wil, en as ‘e omstaunichheden it tòliete. Tach net elkenien wil aft kin neje kinnis en fêzichheden ooin metje fanwege byfeurbeeld schai oon ‘e hassens aft eeuwre lichemlike meulikheden, en it môke it swier feur har en self eeuwnmuchlik om har dreumen tat ‘e werklikens tò metjen.

Ôles stie yn febiining yn ‘t Heelal, en de eeuwre liet ús ússalm batter begrype, en sò werke it mooi ‘t leren fan fraimde tange, dat folgens my neut sonder not is om dy reden. It leren fan ‘t Latyn dat sònaimd as in daide tang bescheeuwd wedt het my fole mair wezzen lere latten en ne begryp ik aik degenen dà ‘t ik al kúe en jeeuwt m yn walbespraaktheid yn ydere tang nach mair jepte mooi ‘t gebrúk fan wezzen.

De wytenschap het it bewezen dat it Heelal feschillende dymensys het en dat wy yn mairdere fan har winje, en dat jà net sichtber binne feur ús eigen, dus leeuw ik werklik dat wy mooi feschillende werelden yn oonrôking komme kinne, en dat se yn ús sitte.

Derom is it net mal om tò tinken dat geesten, geuden en boppenetieuwrlike wezens bestaie, hòwal ‘t wy har net sjain kinne, maar gúene júed yn stait binne om bewust mooi de geestlike wereld yn febiining tò retjen. Al tjientallen dieuwzenden jieren lind wiene ús feurauders derfan ieuwrtjúegd dat bepaalde seurten geesten dà ‘t se Geuden naimden bestúegen en har ooine werelden hiene, sò as de Friezen yn aude tiiden aik, maar it is heden seldsum, tach leeuwden sommige folken en binne se nach fan ‘e ieuwrtjúeging dat ien inkelde God, nammentlik in Opperwezen bestie.

Op it eilaun wer ‘t ús tang troch elkenien fan syn ynwinjers spritsen wez, hòwal ‘t it ne as ik hierieuwr schrieuw net mair sò is, leeuwde min yn ‘e aude Noodmanjúedgod Fosite, en ik tink fierder aik yn eeuwre Geuden fan ‘e aude Friezen dus de aude Germanen en de “Wykingen” aik. Fosite is eigentlik ien fan ‘e fejettene Geuden, selfs troch ‘e Heidenen ne, dà ‘t net mair de Geuden sò as froeger fereerje, mooi al de aude seden en geweuntes, hòwal ‘t Er wis feur ‘e júed yn ‘e audheid belangryk wie, en op Lytje Pole der nach fetôlsels fan Him binne.

Tjinswezzich wyte de maiste Heidenen tò wenich ieuwr har ooine geudetjinst. De Biibel salm seit dat it wes aist schept wez, en jò tang jò ‘t min sprakt is slim fan got belang is yn ‘t fereerjen fan ‘e Geuden. Derom leeuwe wy yn tanggeesten en dat bepaalde geesten troch ‘t sprakken fan in tang wetjen wezze, reis yn it livven rupt wezze en selfs dat der neje fan har tat it jiet komme. Yn ‘e audheid kúe min messchien selfs de daiden fan har begraafplaatsen opnee wetjen metje, maar wy wyte der net genooch ieuwr om dat mooi sekerens seze tò kinnen, tach tinke wy dat mooi fole fan ‘e kinnis en aude wysheid dy ‘t ferlôrsd gien is yn ‘e leup fan ‘e geschiedenis, dat it wierschynlik is dat ús feurauders dat dwaan kúenen.

Wat de Heidenen fan heden fakentiids fejette is om regelmatich blúedoffers oon ‘e Aunzegeuden tò bringen om Har op ‘e krekte wiize tò fereerjen, omdat de heidense feurauders dat altyd dúegen, jà brachten it blúed en it flaask fan ‘e jairen op ‘e altaren en yn ‘e hoven fan har geuden. Dit wie geweun yn dy tiid en it mot nach, omdat wy nach sò fole flaask en blúed salm yten blieuwe, derom is it sedelik dat wy tankber binne oon ‘e krachten fan ‘e netieuwr dà ‘t ús schept hewwe, de Geuden aft Wà ‘t dan aik it minskdom tat it jiet bracht hewwe, en útieuwnlik blieuwt it in riedsel Wà ‘t ús en ús Heelal schept het, en om dy reden motte wy sikjen blieuwe, eeuwrs komme wy neut tò wyten wat yn ‘e eeuwnsichtbere werelden spiile, dà ‘t ús tekens sende dà ‘t bynooi net tò sjain binne aste gin ynsichten, besondere fêzichheden en erfaring mooi de geestlike wereld heste.

De Semieten leeuwe eurspronkelik dat it febain is om mooi de geestewereld yn oonrôking tò kommen omdat it in prúef fan ‘e Opperwezen om tò bewiizen aft jà treeuw oon Him binne aft net. Jà leeuwe dat it aik febain is om oon ‘t lôzen fan stierebeelden en oon ‘e tjúenderee tò dwaan omdat nooi har hewwe de engelen dat oon ‘t minskdom leersd as prúef fan har treeuw oon ‘e Opperwezen. Sò is it aik by har ferbain om beelden fan ôle seurten tò fereerjen en dat it ôlegerre in eeuwnwiere geleuf is.

Europeanen hewwe mooi de ieuwrname fan it Kristendom dit ôlegerre ooin môke en eeuwnder ‘e knivvels kriige, en ne binne se yn geleuf aik sò as de Semieten wezzen. Sò binne de Europeanen al lang net mair sò gúed as jà eerder wiene yn ‘e febiining mooi de geestewereld, en fole fan ‘e kinnis dy ‘t se iense hiene hewwe jà net mair, dus kinne wy meuliker ynschatte wat it betjot om as in aude Europeaan mooi de geesten in bjaun tò hawwen.

Yder folk komt mooi syn ooin oonpak wat betreft de geestlike wereld. De eurspronkelike folken fan Amerika feeuwnen dat it in belangryken rol spiile om mooi de geesten yn oonrôking tò blieuwen. De Germanen fereren gaunsk eeuwre geesten dan fole eeuwre folken fan ús Midgerd, de nôme fan de wereld dy ‘t wy om ús hanne sjaie neffens har. Ik kin in battere febiining mooi de Germaanse wereld metje omdat ik dees Frieske tang, it Eilaunders, fleujend sprakke kin. Hiermooi hew ik aik tògong tat jò Audgermaanse tang, en sò is der in breige beschikber feur my mooi ‘e aude Germanen, dus aik har geleufstelsel.

De Japanners hewwe har ooine geudetjinst, dy ‘t Sjinto (神道) hiet, weryn se geesten, dà ‘t se Kamy (神) naime, en jà kinne har Geuden allene maar oonsprakke troch it ynsatten fan ‘e Japanse tang en Japanse nômen dà ‘t yn gin eeuwre tang bestaie. Dat bewiist dat mairdere tange neudich binne en dat se de saad fan ôle kinnis binne.

Dit liet sjain hòfole it útmôke om in tang tò leren, aste mooi har jepgong ferbeeuwn wazze watte. Derom siz ik tjin jimme: leer jò tang jò ‘t belang het yn dyn livven en fersikje om jò fan dyn ooine feurauders tò leren, want op sò ‘n wiize sille jimme aik jimmesalm batter begrype kinne.