
Schreeuwn troch Giovanni Pinto
Ik werkje net allene maar oon schrieuwstokken yn ‘t Eilaunders. Ik schrieuw aik yn eeuwre tange, sòas minderheidstange en yn dà fan ‘e audheid.
Him mooi mairdere tange dwaande hauden is net allene maar gúed opsich, maar it is fan got belang feur ‘t warjen fan ‘e kinnis fan ‘t minskdom. It feaiske futgong feural om him mooi dà tange dà ‘t heden ten dage yn ‘e minderheid sitte, mair dan degenen fan ‘e audheid, omdat wy de tange fan ‘t fiere felinde sitte liete kinne en yn ‘t plak derfan motte wy op degenen dà ‘t ne yn ‘t gefaar sitte ús jochtje: wy hewwe gin tiid tò fespillen.
Wis binne it Latyn, it Audnoodsk, it Sanskryt en it Audgryksk fan belang, maar jà binne net degenen der ‘t ne haast by is. Der is it Wangereigers, it Meeuwnsk aft Moleesk, en dees tang jò ‘t ‘ste ne lôste, it Eilaunders, en deze binne degenen wer ‘t wy op jochtje motte, eeuwrs feswiine se en gin ien sil der eut oon werkjen: ne is de tiid derfeur.
Dà ‘t ik fole jonger wie, heeuwd ik my mooi ‘t Latyn, it Audnoodsk, it Gotysk it Oergermaansk en it Audgryksk dwaande, en ik leersde dà tange sprakke mooi Dyami Millarson, omdat wy leeuwden, dat om in tang greeuwnich tò eeuwndersikjen wy jà tange ôlegerre lere mosten, en dat it aik muchlik wie om sòfole tange ooin tò metjen op ‘t peil fan memmetangsprakkers.
Wy leizen hesop ôle dagen it búek yn ‘t Latyn “De Bello Gallico” fan ‘e Romeinske keizer Julius Caesar en sò kúene wy fluch yn in kotsen tiid it Latyn gúed útsprakke lere. Wy heeuwden aik fole fan Plautus en syn werk Amphitruo. Wy hewwe selfs in deel fan ‘t Beowulf yn ‘t Audingelsk út ‘e hôle leersd.

Mairtangich wazze môke neffens ús fole út. As wy net mairtangich wein hiene dan súene wy it Eilaunders en de eeuwre tange net redde kinne, en wy súene fole minder festaun fan tange en hò jà yn ineeuwr stytje hawwe.
Sò in úefening fan lieuwd schreeuwn matryaal lôze sorge dat wy fleujend ydere tang sprakke kúene. Dan mosten wy ús allene maar op ‘e spraakkonst jochtje en al syn ooinschappen feur ‘t festaun hawwe om jò tang yn har geheel tò beheerskjen.
Wy wúene aik wyte fan ‘e fereeuwringen yn ‘e geschiednis fan de Europese tange dà ‘t wy leersden, dus hewwe wy aik it Hollaunsk fan ‘e tiid fan Samuel Ampzing en it njúegentjiende eeuwse Hollaunsk tò praatjen leersd. Samuel Ampzing yn syn Taelbericht der Nederlandsche Spellingé hie it ieuwr it súver hauden fan it Hollaunsk dat yn dy tiid fole wezzen út fraimde tange, feural it Fransk, noom en dat sorge dat it Hollaunsk net mair itsalde wazze súe. Aste fan Latynse wezzen gebrúk môkeste, maar tò wenich fan Germaanse wezzen, wyl ‘t ‘ste it Eilaunders en it Hollaunsk sprakste, aft in eeuwre Germaanse tang, dan gebrúkste al fraimde wezzen en eigentlik beheerskeste jò tang net gúed, omdat ‘ste de eurspronkelike wezzen fejetten biste.
It is sjocht feur it bestain fan in tang dat fraimde wezzen gebrúkt wezze. It is nammentlik as af ‘ste jò tang net sprakste maar in eeuwre tang.
Gúenen tinke dat it gebrúkken fan fraimde wezzen hilpt, maar it môke dy net batter mooi jò tang, dus moste sòfole muchlik Latynse en eeuwre fraimde wezzen gebrúkken wyls ‘t ‘ste yn ‘t Eilaunders oon ‘t praatjen aft oon ‘t schrieuwen biste.
En Ampzing hie gelyk: it gelykstellen (assimilaasje) is in feschynsel dat feur ‘e storfte fan jepgongen, tange en faste gebrúkken sorge, en dat wedt aik yn ‘t búek Language Death fan David Crystal bewiisd, wer ‘t de eeuwndersieker sjain liet, dat mooi de ientangigens yn ‘t feurdeel fan ‘e mairderheidstang gaunske lytje tange troch gemienschaplike druk en schomtegefúelens feswiine, dus gebôrst dat fole minsklike kinnis útstorft en it is net mair wierom tò heljen omdat it feur altyd fejetten en felôrsd is.
De “Polyglots” sizze dat se mairdere tange sprakke kinne, maar jà sprakke yn ‘e werklikens ydere tang nachal sjocht, maistentiids. Jà lere tò wenich fan ydere tang en jà wieromhelje de gaunsken tiid it wenige dat se leersd hewwe, dus sprakke se gin ien fan al dà tange dà ‘t se tò sprakken seze sò gúed as it heerst.
Ik leeuw yn ‘t wierheljen fan wat ‘ste leersd heste maar it mot net ydere keer, en soms mot min wikselje mooi de feschillende beschikbere útdrukkingen yn in tang om wrachtich tò sizzen dat ‘ste in tang gúed eeuwnder ‘e knivvels heste. It is aik tò sjain dat deze “Polyglots” fakentiids it gek en fefelend dogge en de júed lastich fale.
In tang sprakke is gottendeels him aik oon ‘e wetten fan ‘e jepgong tò hauden. Aste gin festaun fan ‘e jepgong fan in folk heste, hò kinste bewere dat ‘ste syn tang krekt en mooi ‘n ryken wezzenschat sprakke en schrieuwe kinste? Dò súeste dan in slim airmere tanggebrúk hawwe.
It beheerskjen fan mairdere tange betjot aik it him oon feschillende tangstelsels oonpôse kinnen en dat docht gúed oon dyn festaun, dus aik dyn geest, en wis feur in minderheidstang.

Jò kooi feur it leren fan tangminderheden is it fakentiids gebrúkken derfan en it dwaan as af ‘ste in memmetangsprakker derfan biste, en eigentlik is it leerferleup itsalde mooi ydere tang op ‘e Ieze.
Wanneer ‘t ‘ste in tang sprakste dan moste aik dwaan asaf ‘ste yn ‘t plak der ‘t jò tang spritsen wedt biste. In tang lere haudt gemienschaplik gedrach yn, dus binne freeuwnen neudich dà ‘t jò tang lere wille, memmetangsprakkers aft wà ‘t fleujend jò tang sprakke kin is aik ien dy ‘t altyd hulpsum yn dyn leerreis is.
En wat it belangrykst is is om neut mooi ‘t wieromheljen en ‘t leren fan in tang op tò hauden sòdat jò tang jò ‘t ‘ste omthaude watte neut fejetten wedt. It úefenjen fan in tang mot ydere dei as it kin, en ik wet dat it net feur elkenien muchlik is om elke dei oon ‘e febattering fan dyn fêzichheden tò werkjen, maar dò moste wal regelmatich dermooi dwaande wazze aste der wrachtich gúed yn blieuwe watte.
Ik sorgje wal dat ik faak Eilaunders úefenje, alhòwal ik net ôle dagen dermooi dwaande wazze kin, omdat ik wet dat de hòdanigens fan myn stokken en al myn schreeuwne matryaal afterút gie as ik der neut wat oon doch.
Wat ik aik oonried is om altyd in wezzenbúek by de haun tò hawwen om feur in greujende walbespraaktheid yn jò tang jò ‘t ‘ste lereste tò sorgjen, want op sò ‘n menier sjochste elke keer dat ‘ste dat wezzenbúek epen môkeste neje wezzen en útdrukkingen dà ‘t yn gebrúk komme kinne súene, en dat scheelt fole.
Ik sjai en heer ientangige júed dà ‘t sizze dat mair dan twa aft self ien tang tògelyk úefenje feur fewarring sorge maar sò is dat net aste wind rôkeste om fan dyn hassens gebrúk tò metjen. De júed dà ‘t niks mooi har festaun dogge, dà binne degenen dà ‘t yn ‘e war retje as jà fole ynformaasje tògelyk kreje. Selfs as dat mooi dy gebôrst, dan betjot dat dat ‘ste trochsatten blieuwe moste, sò dat de fewarring al maar minder wedt mooi de úefening. Min sei yn ‘t Hollaunsk “úefening kraime konst.”
Is der in not yn ‘t gebrúkken fan mairdere tange en it tat livven bringen fan aude daide tange, friegje folen har oof, en eeuwren seze dat der gin feurdeel yn sit. Ik wet fan ooine erfaring dat feschillende tange my op pytertieuwlike (ooinadige) wiizen ynjietingen útdrukke liete, en der fiin ik it not yn, dus wet ik mooi sekerens dat mairtangigens gin waardeleuze fêzichheid is.
Sommige wezzen bestaie yn in tang en net yn jò eeuwre. Gúene dingen kinne maklik yn in tang útdrukt wezze, maar meuliker aste fan tang wikseleste en helendal net yn eeuwre, omdat net ydere tang het de útdrukkingen om ôles tò beschrieuwen, en ik leeuw net yn ‘e gelykwezzigens fan tange fanwege de gebrekkigens fan gúenen yn fegelyking mooi de eeuwren.
In reden dat ik mairdere tange leer is de eeuwngelykens fan tange. Mooi bepaalde talen hew ik tògong tat ynsichten, dy ‘t ik net mooi eeuwren hew, en dat lyke in bytke op wat ‘ste yn ‘t Ingelsk “proxies” aft “VPN” naimste, dà ‘t feschillende febiiningen binne dà ‘t om dy tògong oon ynformaasje tò jaan bestaie, as by feurbeeld yn ien fan dà dingen febain binne aft feberged staie, der ‘t it net it gefal is by in eeuwre febiining. Ik fiin it de meute wezzich om mair dan ien tang gebrúkke tò kinnen. Wat ik aik opmarkje kin is dat yn ‘e aude tange it launsumer wie om dingen tò sizzen, omdat yder wes mair ooinschappen hie dan yn ‘e wezzen dà ‘t yn ‘e tange heden yn gebrúk binne. Dat is in nooideel maar aik in feurdeel.
It feurdeel fan ‘e tange fan deze tiid is dat ‘ste flugger dinge seze kinste en tat neje ynsichten en begrippen komme kinste, en it nooideel is dat ‘ste launsumer wat ‘ste watte seze kinste. De aude tange liete dy mair tinke feurdat ‘ste wat seiste, omdat de spraakbeeuw mair ooinschappen yn syn forming het, dy ‘t yn ‘t Hollaunsk “grammatica” hiet, sò as de nômfalen. Yn ‘t Latyn binne se “nominativus, gentitivus, dativus, accusativus, vocativus, et ablativus.”

De werkwezzen yn ‘t Latyn drukke de tiid fan wanneer ‘t in haundeling plak fiint mooi in inkeld wes út: sò het “laudabo” de betekenis dat de perseun dy ‘t sprakt oonpriizgje sil, dus betjot dat wes “ik sil oonpriizgje” (aft “oonpriizje” seid as twade muchlikens).
It útineeuwr heljen fan de ooinschappen fan de tange fan ‘e wereld hiet tangwytenschap (yn ‘t Ingelsk “linguistics”) dus sjocht min hò de tange yn ineeuwr stytje, dus werút se bestaie. Ik sei al faak dat it net genooch is om tò sjain hò in tang yn ineeuwr styke, maar dat ‘ste aik jò tang lere moste om jò tang mair oonfele tò kinnen. Want wa kin in tang batter beschrieuwe dan ien dy ‘t it fleujend sprakt? Dat is wat fole wytenschappers net dogge, jà lere net jò tang jò ‘t jà tò beschrieuwen trachte en dit gie aik tjin har ooine dúelen fan ‘t warjen fan ‘e talen fan deze wereld. Jà hewwe minder medelyden feur in tang as se jò net meute dogge om har tò leren.
Ien mot in tang oonhaudend mooi in plúech sprakken blieuwe om syn bestain yn staun tò hauden en sòdat it werklik in livjenden taal naimd wezze kin, as ien in tang redde wil, eeuwrs is er salm mandelich feur it eeuwich útstorven derfan.
Ik bin fan ‘e ieuwrtjúeging dat aude tange en minderheidstange nooist de slim spritsene staitstange livje motte om de kauns tò fegotjen dat se yn ‘e fiere tòkomst ieuwrlivje en fierder bestain blieuwe. Wy leeuwe dat troch mairdere tange ús hassens starker wezze en dat môke ús geest en ús lichem aik stark en seeuwn, en wy leeuwe dus yn ús plúech, dat de seeuwnens fan de iene aik dy fan de eeuwre is. As dyn geheugen en festaun batter is, omthaudste dan aik om fan dyn lichem tò sorgjen, wanneer it neudich is. Ôles mot op de júste tiid gebôre om in gúed ynflúed op de útkomsten fan iens daden tò hawwen en it geheugen is fan got belang derfeur, dus motte wy ús geheugen al maar troch starker metje, troch it leren fan tange en neje fêzichheden.
Feur syn ieuwrlivjen en in lang livven en om ophimsalmstaunich tò wazzen, dus om net fan eeuwren oof tò hingjen mot min syn geheugen scharp haude. Fole mensen kinne net mair in eeuwre tang lere nooist jò iene jò ‘t se ôle dagen sprakke, maar yn ‘e aude dagen wie it geweun om fraimde tange, by feurbeeld trooi fan har, sprakke tò kinnen, omdat útienronende folken altyd yn oonrôking komen, dus selfs heden sit mairtangigens yn ús blúed, maar net elkenien kin dat, fakentiids, omdat se him net wille.
Ús feurauders wiene allene maar fan har geheugen oofhanklik en jà hiene gin búeken, dà bestúegen net. Ja, de Egyptenaren hiene de papyrusplant om schrieuwen tò kinnen en schiephieuwd maar yn de audheid de kaunsen om pepierachtich matryaal tò gebrúkken wiene tiige minder en stokken fan wat op pepier lyke hiene dus fole mair waarde.
De Romeinen schreeuwnen op weisbúezen (weis is in staf, dy ‘t de ynefanders scheppe), en derfan môken de Romeinen de fenaimde Latynse útdrukking “tabula rasa,” en dy betjot dat wat eerder schreeuwn stie ne futdien is, en it kin aik betjotte dat wat eerder yn dyn geheugen stúech ne fejetten aft felôrsd is.
