Spraik spèègelet de wrââld òò

Skriiₐnd tróch Dyami Millarson

Èₐlke spraik ies ‘n òòspèègeling fan ‘e wrââld, der ‘t ‘n befòlking fan ‘n plak ien libbet. De wörklikheid, die ‘t iedere befòlking oenderfiend, ies fan ââlds óóₐs. De méénske het ‘n graaₑt femóógen óm sich oeₑn tó pasjen oeₑn ‘e ómstandighééden fan ‘n plak en deróm het ‘r ‘n mester west ien ‘t oerlibjen òp ‘t eene plak. De kúnde die ‘t de méénske mei de oenderfiendingen fan ‘n heele boeₑl geslachten òpbouwd het ies òp ‘t lief skriiₐnd fan ‘e spraik die ‘t immen òp ‘n plak sprekt. Plakspraiken òfte spraiken fan plakken bèède èₐlk ‘n óóren ienfalshook òp ‘t méénskebestaaₑn, ómdòt ze ‘n wúrspèègeling binne fan ‘t libben fan ‘n plak. Èₐder wééₐ ‘t libben meer boenden oeₑn ‘n plak, der ‘t de méénske tróch meer fan sien plak òòwist en hie ek meer mei ‘t plak feboenden feelde.

Uuteendlik ies èₐlke spraik (fan óóₐsprong) ‘n spraik fan ‘n plak en dit ies jitte goo tó sèèn ien ‘e wòddeskat fan èₐlke spraik die ‘t nó ‘n wrââldspraik wòdden ies, ómdòt ze jitte altieten de wòdden fan jerre eene plak, der ‘t ze oentstinzen binne, bewarje. De méénske oenderfiend ‘n drift óm de wrââld, der ‘t ‘r ien libbet, tó spèègeljen. Spraik mekket ‘t móóglik fòòr ‘e méénske óm nâât allónig óóre méénsken, mar de ganske wrââld óm him henne tó spèègeljen. De méénske ies ‘n spèègeler fan gebóóₐte. Spèègeljen ies ‘n nócht fòòr him. Spraik ies de méénske sien spèègelarke en spraik ies ‘n skat fòòr ‘e méénske ómdòt ‘t de méénske tèènet ien sien spèègeldrift. Wie kenne deróm rócht uut sizze dòt spraik ‘n méénskeskat ies. Wòdden binne spèègelbéélden jin ‘t èₐdere òf èₐldere geslachten efterlòt(ten) hewwe fòòr uus as lettere òf joengere geslachten. Ieder wòd spèègelet het uut; ieder wòd bééld het uut.

De wòddeskat fan iedere spraik ies spèègeljend òfte bééldend; de wòddeskat fan ‘n spraik fetjiₐnwòddiget ‘t bewéégend bééld dòt de oerèₐldes siiₐnd hewwe, wòdden binne sódwaaₑnde de béélden der ‘t ‘n film fan ‘e oerèₐldes uut bestéét. Wie kenne fuule leere fan ‘e sèènswiizen jin ‘t ‘r òp èₐde bestaaₑne. Èₐlke Nóóₐdfriese, Aaₑstfriese en Westfriese spraik bèèd uus ‘n óóren wrââldspèègeling; iedere spraik ies feboenden mei ‘n óór wrââldspèègelbééld òfte wrââldbééld. De ââlde iensichten efter èₐlke spraik binne meer as jiₐld, góóld en sèₐlwer wòddig. Òf ââlde iensichten feniejend wörkje kenne leit ‘r oeₑn òf immen ‘r sem het mei dweit. As jiₐld òp streete leit en ast ‘t nâât òppakkest, den wòd stoe ek nâât ‘n lik rieker.

Èₐlk iensicht, dòt feboenden ies oeₑn ‘n plakspraik, bleest uus ien mei wetten dòt wie broeke kenne óm sem tòt het niejs tó kómmen òf as neimetting òf òòmetting broeke kenne fòòr uus eene tienkwrââld. Feniejend òf nâât feniejend, dòt leit heelendal oeₑn uus sem; wòlle wie ââld wetten broeke óm tòt het niejs tó kómmen, den sòlle ââlde iensichten feniejend wörkje kenne. Alle iensichten fan likje spraiken binne febréédend fòòr uus wrââldwetten want ‘t leeren fan iedere spraik fegraaₑtet uus wrââldwetten tiege. Deróm bin iek bliede dòt ‘t fòòr mie ien ‘e móóglikhééden lòòi dòt iek alle libbende Friese spraiken leere kòòst fan twaatoeₑzen sekstin tòt twaatoeₑzen een en twientig. ‘t Ies fòòr mie ‘n nócht óm ‘t Hielepes en óóre Friese spraiken tó sprekken en tó skrieuwen, iek soêₐd nâât óóₐs wòlle.