Category: Giovanni Pinto
Giovanni Pinto, gebeuren yn Ytaaljen oon ‘t ieuwn fan ‘e hieuwnsdagen yn ‘t jier 1995, is de schrieuwer fan búeken en aik artykels yn it Eilauners op it blach Operation X. Syn baste freeuwn, Dyami Millarson, is de beheerder fan Operation X, in mairtangich blach ieuwr tangkunde en feschillende eeuwre saken en eeuwnderwerpen. Giovanni werke ne oon it búek Geudetjinst fan ‘e aude Noodmanjúed, maar aik oon in spraakkonst fan ‘e Eilaunertang. Yn ‘t jier 2018 leersde er it Eilauners en fleich nooi Nederlaun om op besiek nooi ‘t eilaun Schiermonnikeich tò gain, wer ‘t er tògaire mooi syn freeuwnen de aude wyzen fan it eilaun múete en mooi de krant De Telegraaf in friechgesprek heeuwd ieuwr de aude tang fan Lytje Pole, dy ‘t de ynweners eurspronkelik aik it eilaun naime, der ‘t jà ynwinje.
Kotse geschiednis fan syn livven:
Giovanni Pinto is yn it Súdden fan Ytaaljen gebeuren, fehúze mooi syn auders nooi ‘t Noden, en koom wierom nooi ‘t súdden, krekt yn ‘t darp wer ‘t er gebeuren wie, Mola di Bari, dat aik syn ooine tang, seden en geweunten het. Hy ging nooi de Ytaljaanse schúele en wene der tat it ieuwn fan syn schúelopleiding. Dà ‘t er túelve jieren aud wie, wied er twa wyke yn Ingelaun, wer ‘t er gúed Ingels sprakken leersde. Dà ‘t er fjitsien jieren aud wez, trefte er Dyami Millarson, syn neje en baste freeuwn, dy ‘t him graach mooi it Latyn hilpe wúe, mooi wa ‘t jà fole ieuwr ôlerlei wereldtange leersd hewwe. Jà komen nooi’neeuwrs weenplakken op besiek, dà ‘t jà aik de bedriigde tang Griko mooimôke hewwe yn Ytaaljen en ien fan har feurnaamste laste sprakkers, Renato Delos, kinnen leersd hewwe, dy ‘t de twa jonge tangkundigen fole ieuwr syn ooine útstorvende tang fetôld het, feurdat er yn 2018 út ‘e tiid rôked is. Nooi ‘t ieuwn fan syn schúelopleiding wene Giovanni eeuwrelhail jier yn ‘e Frieske hoofdsted Leeuwets, der ‘t er fleujend Hollauns sprakken leersde, dat latter brúkber en seker eeuwnmisber om de tang fan Lytje Pole ooin tò metjen wez. Nooi bynooi twa jieren yn Nederlaun gúech er wier nooi Ytaaljen wierom. Hy wene aik trooi monden yn Dútslaun en ien jier yn ‘e sted Trento yn it noden fan Ytaaljen. Evenwal gúech er yn 2018 wierom nooi syn gebeurtedarp, wer ‘t er ieuwr it Eilauners leersd het.
Búeken dà ‘t er ne schrieuwt:
“Geudetjinst fan ‘e aude Noodmanjúed”
In Ytaljaansen spraakkonst fan it Eilauners

In tang sprakke is sò as in wereld yn dysalm drage

A Sàgrë du Pwólpë a Mmáulë dë Bbêrë.
