Unferwachte fynst op ús rêstdei – de behâldende Fryske útgong -e

Skrean troch Ken Ho

De lêste pear wiken ha wy it drok hân om Hongkong te ferkennen. Sadwaande hâlde wy hjoed frij om eefkes út te rêsten. Boppedat is it no tige waarm wurden, sa’t wy ek fluch wurch wurde. Wat moai en kâld it waar wie doe’t ik foarich jier yn Fryslân wie, en wat noflik It frisse lucht en sêfte wyn wiene dy’t lâns myn wangen waaiden doe’t myn taalmentoar Dyami Millarson en ik yn ‘e natuer fan Ljouwert wannelen. It stiet noch hieltiden by my dat wy altiden lekkere yskes ieten by in biologyske winkel. Wat ferfrissend se wiene! Hjoed woe ik mar dizze prachtige gefoelens nochris belibje, en woe my ek net haatsje. “Tuike tuike oan”, sa heart it derby.

Sa giene wy fanmiddei nei in faak besochte neigerjochtwinkel yn Aberdeen. Dêre bestelden wy twa soarten skierde yskes, nammentlik (i) it saneamde duvel-yske (sûkelade snieflok yske) en (ii) it saneamde ingel-yske (molke snieflok yske). Itjinge mei sûkelade ha wy al meardere malen probearre, en it tsjinne as in soart boarch derfoar dat wy eat goeds ite soene. It wie ús dús bjusterbaarlik dat itjinge mei molke like goed as itjinge mei sûkelade. Mei’t der koekjepoeier by dien wie, wie it skierde yske mei molke tige knapperich. Sa fermongen wy it witte yske mei it swartenien, sa’t wy tagelyks fan twa smaken genietje koene.

DSC_6108.JPG
Ofbylding: (i) (lofts) it duvel iis (sûkelade) en (ii) (rjochts) it ingel iis (molke). Se wiene tige lekker en wiene gaadlik om it waarme waar tsjin te gean

Dêrnei rûnen wy eefkes rûn yn ‘t stêdsje en kochten in dûrian by in fruitkream. Nei’t Dyami twa wike lyn my it fruit priuwe liet, hold ik der samar njonkenlytsen mear en mear fan. Der hat de in bekende wiisheid gelyk oan, dat dûrian sa’n sterke smaak hat, dat it fruit mar twa soarten reaksjes útlokje soe, ôfkear of leafde. Allebei binne ekstreme emoasjes, en der bestiet eins gjin middenwei tuskenyn. Sa kochten wy hjoed nochris in dûrian, dy’t we letter yn in park lân de seekust meinamen. Wy hiene it drok om in gaadlik plakje fier fan ‘e hast baarnende sinneskyn te finen. Binnen in kwartier wie it al op. Sa wie ik al oan ‘e smaak fan dûrian wend, en begûn it fruit júst te weardearjen sa’t it wie.

 

DSC_6121.JPG
Ofbylding: Sjocht mar nei hoe’t moai it der út sjocht!

 

Mei koarten kearden wy werom nei it stêdssintrum fan Aberdeen. Nei it iten moast der fansels ek wat dronken wurde. Sa kamen wy by in Taiwaanske winkel, Share Tea, dêr’t wy foarige kear ek in drankje fan kocht ha. Sa ha wy al de skierde iis (smoothie yn it Ingelsk) mei (a) Taro en (b) ierbei preaun. No woene wy wat nijs, en keaze wy foar de skierde iis mei mango, reade beannen en sjelei. Al hold Dyami oer it algemien fan  ‘t mangosop, dat him op ‘e boppste laach fan ‘t drankje befûn, hie er eins gjin sin yn ‘e sjelei. Krektoarsom fûn ik de mingsel fan alle trije yngrediïnten júst goed. De smaakleaze gelei joech ynhâld oan ‘t drankje, dat oars net foljend genôch west ha soe. Fierder waard it mangosop net te swiet, want oars like it te folle op sjerp.

DSC_6134.JPG
Ofbylding: Wat nijs probearje. Sa wolle wy wat oars as de foarige twa kearen by dizze Taiwanske winkel

Nijsgjirrich kamen wy in affysje tsjin dy’t foar ‘e bier fan in belgyske merk promoasje die. De merk hiet wittekerke, en dy brûkte in âld Hollansk wurd “kerke” mei de froulike útgong “-e”. Dit die my mei-iens tinken oan ‘t Fryske wurd “tsjerke”, dy’t júst tsjinwurdich syn útgong “-e” goed bewarre hat. Dit is mar ien fan ‘e folle foarbylden dat it Frysk tige tichteby syn woartel stiet. Net folle minsken binne harren hjir bewust fan, wat oanlieding jout dat ús taalprojekt him hjir júst foar ynsette moat. De mear as twatûzendjierrige skiednis fan ‘e Frysk moat net fergetten wurde. As in tige behâldende taal binnen de Anglo-Fryske taalgroep, kin kennis yn it Frysk de skiednis fan ‘t Ingelsk maklik yn kaart bringe. Sa wurdt de histoaryske skaaimerken fan ‘t Ingelsk ferklearre mei help fan it Frysk. Mei dizze feardigens wol ik eltsenien troch ús taalprojekt útrisse. Sa knipt ús taalprojekt him derút mei ús fokus op minsken en mei ús winsk om oaren te helpen om ‘e Fryske taal, kultuer en skiednis weardearje te learen.

DSC_6141.JPG
Ofbylding: In tige nijsgjirrige affysje dy’t in biermerk befoarderet mei de namme  “Wittekerke”. Al is it Hollansk wurd “kerke” tsjinwurdich net mear brûkt (“kerk” yn pleats derfan), is it Fryske tsjinhinger “tsjerke” noch hieltiden aktueel!

 

Ear’t wy thúsgiene, kochten wy noch wat drúven en in fjirde wettermeloen. Wy namen in boat om in lytste rivier oer te stekken. It wie in houtenboat en koe mar yn rêstich wetter driuwe. Dit komt troch de houtenboarden dêr’t de boat út makke wurde. Sa giet it sûnder twifel stikken as der in stoarm oan komt. Lokkich is de rivier tusken Aberdeen en myn wênpleats lytst. Sa kamen wy altiden feillich de oare kant oan!

DSC_6149.JPG
Ofbylding: Op ‘e houtenboat wêze. Sa kin dizze boat in stoarm min tsjin. Lokkich fart dy mar op rêstich wetter!

Op it lêst snie Dyami thús de wettermeloen yn acht stikken. Wy ieten alles op, en it wie tige noflik. Wat moai de dei wie, en hooplik sil it moarn en en oare dagen ek sa trochgean.

DSC_6156.JPG
Ofbylding: Us fruit dy’t wy kocht ha by in fruitkream yn Aberdeen!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s