De bysûnderheden fan it Mongoalsk

Skreaun troch Dyami Millarson

It Mongoalsk hat sa’n 5 miljoen sprekkers. Einliks is it Mongoalsk in skoft talen lykas it Frysk. “It Mongoalsk” of de ienichste wiere Mongoalske taal bestiet net, mar der binne wol in protte Mongoalske streektalen dy’t yn Afghanistan, Sina, Ruslân en Mongoalje sprutsen wurde.

Yn it ferline wie der ûnder ‘e âlde Friezen ek net de ienichste wiere Fryske God mar der wiene in protte Fryske Goaden; sa wurket it ek mei de Mongoalske en Fryske talen wêr’t der net ien mar in ferskaat oan is.

It Khalkha yn Mongoalje wurdt it meast sprutsen fan alle Mongoalske talen. Der binne ek noch it Kalmuksk, it Chakhar, it Ordos-Mongoalsk, it Darkhad, it Khorchin, it Baarin, it Moghol en it Boerjatysk.

De Mongoalske talen like op inoar fan harren oarsprong wegen. Der binne dus folle oerienkomsten yn ‘e útspraak, spraakkeunst en wurdskat. De wurdfolchoarder fan ‘e Mongoalske talen is einliks itselde as yn it Latyn of Oergermaansk: onderwerp – lijdend voorwerp – gezegde. De Mongoalske talen hawwe meastal 8 namfallen. It Frysk hie eartiids 4 namfallen. De Mongoalske talen hawwe fierders meastal in djipsinnich en yngewikkeld werkwurdsysteem.

De Mongoalske talen hawwe frjemde lûden foaral op it mêd fan bylûden. It sil dreech wêze foar in sprekker fan it Frysk om de Mongoalske bylûden goed útsprekke te learren. De Mongoalske talen hiene oarspronklik ek harren eigen skrift, mar dit wurdt hjoed net mear brûke. Tsjinwurdich brûkt men foaral it Russysk skrift foar ‘e Mongoalske talen, mei namme foar it Khalkha dat yn Mongoalje sprutsen wurdt.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s