Underskie yn it folksleauwen: Bûten- en binnendoarren

Skreaun troch Dyami Millarson

Der is in ferskaat oan hûsgeasten en -goaden yn it folksleauwen fan it Noardwest-Europa fan twatûzend jier lyn. Hja libje hjoed fuort as kreatoeren yn folksferhalen dy’t troch âlders foar bern foarlêzen wurde. Wat dizze ivige wêzens oanjaan is dat der fanâlds in ûnderskie makke wurdt yn ‘e belibbingssfear fan it folksleauwen.

Nammentlik makket men yn Noardwest-Europa fanâlds in ûnderskie tusken de religy bûtendoarren (buitenshuis) en de religy binnendoarren (binnenshuis). Sa makket de religy binnendoarren de wêzens ta hûs- of timpelwêzens en sa makket de religy binnendoarren de wêzens ta natuer- of boskwêzens. Dêrom wie it folksleauwen tagelyks in hûs- en natuerreligy.

Wylst men bûtendoarren yn ‘e natuer fanâlds rekken hâldt mei natuergeasten, hâldt men tús fanâlds rekken mei de hûsgeasten en bringt men offers lykas itensspul oan harren. Oant de tsjinwurdige tiid hat men de hûsgeasten op dizze wize fereare; men dielt iten en drinken frijwillich mei de geasten fan it hûs om’t men in bân mei harren fielt en harren by it gesin belûke wol. Sa binne der in soad ferhalen fan offers oan tomten en oare hûslike geastwêzens.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s