Schreeuwn troch Dyami Millarson
Mooi bloggen leerste net allene om flat artykels tò schrieuwen, maar aik om red tò praatjen. Dò leerste mooi it bloggen nammentlik om flugger sinnen tò metjen, en dat is in faardigheid dy ‘t swier mooitôlt sòwal by it sprakken fan in fraimden taal as by it schrieuwen fan in fraimden taal. Fansalm wil ik fraimde talen gúed sprakken en schrieuwen lere. Min besjocht ieuwr it algemeen in flatten sprakker as in gúejen sprakker en derom bedúel ik mooi gúed sprakken geweun red praatjen kinnen.
Myn livvensdúel is it om ien fan de baste sprakkers tò wezzen fan elke taal dy ‘t ik beslúeten hew om ooin tò metjen. Ik wil in fleujenden sprakker wezze fan elke taal dy ‘t ‘k begoon bin om tò leren. It leren fan elke taal is in livvenswerk omdat talen gotte dingen binne dà ‘t har net yn it kots wierjaan liete. Ik bin nach lang net op fúet fan gelykens mooi de baste sprakkers fan ‘e taal fan ‘t Eilaun en der wil ik sò gau muchlik feraundering yn bringe.
It fluchst kin ik febattering berikke mooi bloggen omdat it my hilpt om repper sinnen beeuwe tò leren. Ik fiin bloggen wal adich en derom is it gin straf om sò myn sprak- en schrieuwfaardigheden tò febatterjen. Sinnen beeuwen is in wieren konst en derom wil ik my helendal derop jochtje. Mooi it bloggen kin ik rastich by ydere sin stilstain en hò faker ik dat doch, hò batter ik my yn gesprekken útdrokke kin.