Religy giet om meispyljen

Skreaun troch Dyami Millarson

Religy ferbynt minsken. Nammentlik giet religy om meispyljen en dêrom is it de lakmoesproef foar ienigens. Teäter en toanielspyljen hawwe faaks mear te dwaan mei religy en leauwen as wy tajaan wolle. It giet hjir om it talitten fan ferbylding en it útstellen fan ûnleauwe, dat de Ingelsman Samuel Taylor Coleridge (1772-1834) yn it Ingelsk tapaslik ‘suspension of disbelief’ neamd hat. De minsk docht dit om’t it beantwurdet oan in minsklik ferlet. De minsk mist nammentlik it mienskipsgefoel, dat er earder krige fan syn stam, en er wol fan natuere ienichheid mei syn maatskippij. Sadwaande is hjirút (foar in part) it leauwen ûntstean. De begear nei it stamgefoel en it weromgean wollen nei de tiid, dêr’t de minsk yn noflike lytse stammen libbe, hawwe in grutte driuwfear west foar it leauwen, mar religy bestie al foar’t lytse stammen harrensels weryndield hiene yn grutte folken.

Leauwen is it mear neitinken oer religy en it nimt dêrom mear it taskôgjend karakter oan fan in publyk dat yn in skouboarch sit en wêrfan fereaske wurdt dat it leauwt yn it stik dat opfierd wurdt. De jager-samlers soene faaks gewoan aksjes útfierd hawwe en wiene mear toanielspilers as taskôgers. Nei’t de neolityske revolúsje in ein makke hie oan it tiidrek fan ‘e jager-samlers en it tiidrek fan ‘e boeren begûn wie, moat de religy in grutte ûntwikkeling trochmakke hawwe, dêr’t religy in mear abstrakte passive rol ynnimme soe yn it libben fan ‘e boer as by de jager-samler. De boeren wiene ferienige mear troch taskôging as earder; de jager-samlers, om’t se yn sokke lytse mienskippen libbe, koene maklik allegear meidwaan oan rituelen en dêrom moat harren religy mear om praktyk as leauwen gean hawwe.

Natuerlik is de religieuze revolúsje, dy’t mei de neolityske revolúsje gearhongen hawwe moat, net mear krekt nei te gean en kinne wy allinne mar deroer filosofearje. Nammentlik, as dy neolityske revolúsje sa’n grutte ynfloed op ‘e minsk hân hawwe moat, wêryn liech dan it krekte ûnderskie doedestiids tusken de religy fan in boerenmaatskippij en jager-samlermaatskippij; soene dy jager-samlers ek net wat leauwd koed hawwe? It antwurd op dizze fraach is wol maklik te jaan, om’t men sizze kin dat alhoewol’t de jager-samlers faaks wol yn staat wiene om te leauwen (en it gâns ûnreedlik is om te sizzen dat se neat leauwd hawwe), hja der minder gebrûk fan makke hiene as de boeren fan it neolityske tiidrek, omdat it foar ‘e earsten der minder ta die as foar ‘e lêsten. De minsk hat altiten praktysk west en dêrom soed er him oanpast hawwe oan it ferlet fan ‘e maatskippij dêr’t er yn libbe.

Fansels kin men hjir altiten jins fraachtekens derby sette oft mear leauwen wol in ûntwikkeling fan it neolitysk tiidrek wie, alhoewol’t it my logysk liket dat boeren, dy’t yn in gruttere maatskippij as jager-samlers libbe, mear gebrûk fan leauwen meitsje soene. Wa sil it sizze en it is ek inkeld in ûnderstelling dat in grutte maatskippij troch leauwen byinoar holden wurde moat en dat rituelen folsteane om in lytse stam fan jager-samlers byinoar te hâlden, want faaks wie leauwen ek tige belangryk foar stammen. It is yn elts gefal gewoan aardich om oer te filosofearjen, mar wêr’t ik wol oer befêstigje kin is dat de jaarsyklus foar boeren en jager-samlers oars is en dêrom dat de neolityske revolúsje in ynfloed hân hawwe moat op it tiidsbesef en de jiersyklus fan ‘e minsk. Dit kin bygelyks syn ynfloed hân hawwe op ‘e werhelling fan ‘e offergewoante, want faaks soe in jager-samler op slach nei it deadzjen fan in dier syn Goaden taroppen hawwe om se te oanbidden wylst de boer mear op in strukturele wize oan it slachtsjen gongen wêze moat, nammentlik soed er de jierlike syklus fan ‘e lânbou en feehâlderij folge hawwe.

Leave a comment